De KPN en it wachtwurd

Wy ha justerjûn gearkomste hân. Soms moat dat om nei te gean oft jo deselde stip op de hoarizon allegearre noch yn byld hawwe en hoe’t jo tinke dêr te kommen. Dy stip leit noch in moai ein foar ús want wy ha it dan oer novimber 2021. Mar de tiid skyt oeren, dat sadwaande.

Gearkomsten smite yn ‘e regel wurk op. Dat sil no ek sa wêze, wat mei in kreatyf proses. Der moat dus wer (her)skreaun wurde. Dat is neat net slim, hoe’t ien en oar der krekt út komt te sjen is net earder bekend as nei de lêste útfiering.

Jo hawwe ek wurk dat sa goed as neat om ‘e hakken hat. Dat soe ik dus ek efkes dwaan. Ik skat it gewoanwei yn op sa’n heale minút. in stik as tsien mûsklikken. It giet dan om it ferstjoeren fan ien mail. Dat koe bêst noch efkes by thúskomst want dan moatte jo dochs noch in drankje en wat oar fergif hawwe. Mis!!!

De Mac die oars neat as sangerje om in wachtwurd. En dat docht er oars noait.

Ik soe mysels daliks gjin digybeet neame wolle mar ik tink al dat ik mear flokwurden brûkt ha as dat der yn de bibel en de koran byinoar passe. Want om in wachtwurd te fernijen nukke de hearen en dames fan de KPN jo yn sirkel dêr’t jo sûnder help nea wer út komme. Al mei al hat it dan ek 6 oeren koste om de keet wer oan de praat te krijen.

Want hoe giet soks by sa’n helpdesk? Earst moatte jo ûnder begelieding fan in oars tige freonlike man alles dwaan wat jo sels ek al dien hiene. Om dan op’t lêst ta de konklúzje te kommen dat jo net op in fernijingsmail klikke kinne as dy mail net oankomt. Om’t de mail it net docht. Bêste keardel, dat kin ik sels ek wol betinke!

Dan wol dy man hielendal frijwillich en bêst bedoeld wol in mail nei in oar mailadres stjoere. Want elkenien hat wol in ekstra mailadres, gmail of hotmail of sa. Dat sil allegearre bêst, ik ha dat net. Ik ha wol in bril.

Lang om let bedarje jo mei de man yn in remotesesje. Jo sjogge dan dus wat hei mei jo mûs docht. It is in griis. In soad hat er nammers net dien, de mooglikheden wiene sa goed as op. It iennichste wat noch oerbleau wie dat er my in echte brief stjoere soe mei in nij wachtwurd. Dan binne jo dus op syn minst in wike fierder.

Oft sa’n kompjûter ek mar oan in kabel hong, sei er, dan koe it sa fia it klantnûmer regele wurde. Mar dat kin net as er yn de wifi hinget want dêr kin elk wol in apparaat yn klappe. Fysyk kontakt, dêr giet it om. Jawis, dat is ek sa. Gearkomsten binne dêr ek tige geskikt foar al giet it dan mear om eachkontakt.

Grutte omkoal, sis dat earder!!! Ik ha in in kabel fan 10 meter yn oprôle foarm oan it modem hingjen, it is mar in kwestje fan der yn prikken. Doe koe ik fia kpn.com/helpwachtwoord de saak samar sûnder hokker help dan ek mar oanpasse.

Set soks asjeblyft yn koweletters op dy site fan jim!!! Sa grut dat ik it ek sûnder bril lêze kin. Dat hat mei digybetisme hielendal neat te krijen mar soe wol slim noflik foar de bloeddruk wêze. En wat kostet sa’n 0800-nûmer eins as jo dêr in healoere oan hingje? En wêrom stiet dat nûmer net ek yn koweletters op de site? Ik ha earst de heale wrâld ôfgoogele om dat te besetten.

No soe ik ek noch graach witte wolle wa’t betocht hat dat der ynienen in nij wachtwurd komme moast. Mar dat antwurd sil wol net komme, bin ik bang.