De oardel tel fan Grapperhaus

Dêr hiene wy fan ’e wike samar ynienen wer in prachtich toanielstik. De lessen op ’e toanielskoalle moatte faaks al justjes bysteld wurde want de stilte dy’t Grapperhaus falle liet wie krekt oardel tel te lang om noch natuerlik oer te kommen. Dat it fertriet by de man dochs al wat minder djip siet as er foarkomme litte woe die wol bliken út it feit dat er al ridlik gau ûnder wurktiid wer nei it balskoppen siet te sjen.

Mar goed, hy sei ek dat er lilk is want dizze moard is in stik slimmer as sawat alle oare moarden byinoar. Dat ûntgiet my al in bytsje want neffens my is de útkomst fan elke moard dat der op syn minst ien deade is en dea is dea. De iene deade is net deader as de oare deade. Gradaasjes yn dea besteane net, gradaasjes yn moard dus ek net. Dat de iene deade by libben wat tichter by jo stie as de oare is wat oars. Dat is nammers net allinnich mei moarddeaden sa.

De plysje sprong daliks boppe-op de saak. Dat dogge se altyd mei moarden. Sei omke Rutte. Dat is suver noflik om te witten. Ik soe wol graach witte wolle wêrom’t wy mei ús allen dan earst 48 oeren omsjen moasten nei in opslûpen puber fan in jier as sechstjin. 48 oeren is in hiel hoart en dus hat de dieder dy’t by neier ynsjen – mar dus net earder as nei 48 oeren – ynienen folwoeksen blykt te wêzen alle tiid hân om ûnder de radar te dûken en te bliuwen.

Rutte hie it der ek noch oer dat pubers dy’t harren earste joint of pil nimme harren wol realisearje moatte dat se dêrmei it tige fynmeskige systeem hannen en fuotten jouwe. En hy hie it oer keardeltsjes fan in jier as acht-njoggen. By myn witten hawwe pubers en keardeltsjes nul-komma-nul ynfloed op it frij ferkrijen fan ien en oar. Dat hat in polityk beslút west en om yn de polityk te kinnen moatte jo earst achttjin wêze.

Noch hilarysker waard it doe’t frou Halsema mei har kopke op ’e telefyzje ferskynde. Soe Rutte ek fan betinken wêze dat dy har realisearje moat dat se oan de boarne fan it leed stiet troch it oan te lizzen mei immen dy’t de wapens frij foar it pakken yn ’e hûs hat te lizzen?

En is Rutte eins ek fan betinken dat elk dy’t yn in elektryske auto stapt mandélich is oan de moard op Kongoleeske keardeltsjes fan in jier as acht-njoggen dy’t de meast freeslike sykten oprinne om’t se yn de kobalt om sitte te dollen as se al net yn sa’n grot dondere binne en dêr foar dea lizzen bleaun binne?

En dus op syn minst like dea binne as de advokaat? Stiet Rutte mei syn klimaatmaffia net oan de boarne en de top tagelyk fan de meast fyn ynleine kriminaliteit?

Hoenear komt Rutte ris op it idee om fakuüm lutsen moeren yn plestik en karton by de Gamma te ferbieden? Hoenear hellet er webwinkels en dêrmei in ûnmooglik soad plestik rotsoai en kilometers fersmoarging út ‘e loft? Hoenear rommet er distribúsjesintra dêrmei anneks op? Hoenear sil er de klimaatmaffia oan it ferstân peuterje dat der mar ien oplossing is: konsuminderje.

Begjin dan mar ris mei it ynfieren fan de autoleaze snein. Dan kinne al dy moardners yndied net mear nei it balskoppen, net nei it teater en net nei it safolste festival. En faaks ek wol net nei tsjerke.

Dat sil wol in te grutte opjefte wêze foar ús maffiabaas. It soe him mar yn de beurs reitsje ommers. Krekt lykas de drugsmaffia kiest er foar de maklikste wei.

De iene leit in abbekaat om, de oare in nust lokale boeren. Mar hy lit syn folk wol trochfrette. Fan guod út it bûtenlân. Sadat syn distribúsjesintrum noch better befolke wurde kin troch moardners-yn-oplieding.

Dat sil Grapperhaus ek allegearre wol betocht hawwe yn dy oardel tel.