Feestlik fierder

It wie wol wer in moaie wike mei allerhande heuchlik nijs. It iene wat feestliker as it oare mar troch de bank nommen skarrelje wy stadich de goede kant út.

Feestbeesten as wy binne is der samar ynienen yn de neisleep fan it kulturele feest fan okkerlêsten in folslein nije tradysje ûntstien. Ik hoech fansels net út te lizzen wat dy tradysje is want dat wit elk dy’t himsels de Fryske identiteit tadichtet.

Mei datselde kultuerfeest anneks skynt der meikoarten ek in nije Dichter fan Fryslân beneamd te wurden. Ik lês teminsten wat yn in aginda oer de ynstallaasje dêrfan troch de deputearre. Prosedueres oangeande beneaming, seleksje en oare omballings binne my ûntgien. Faaks lês ik de ferkearde kranten, dat soe kinne. Mar it skynt al yn ien as d’oare bubbel bekendmakke wurden te wêzen en dêrút begryp ik dat de man of frou ek Sineesk, Arabysk en Ingelsk yn ’e macht hawwe moat. En rappe kinne moat. Faaks kin dat ek in nije tradysje wurde no’t it barteljen fan ’e baan liket te wêzen.

Minister Wiebes sil him tenei efter yn ’e auto ek oan de wet hâlde. Dat is feestlik nijs en in tige goed begjin. Grapperhaus hie ûnderwilens in tiim fan wol hûndert man formearre om elk dy’t him net oan de wet hâldt geweken te nimmen. Faaks hat dat de oanlieding west.

Dat hat Grapperhaus oars moai flot regele. It is my in riedsel wêr’t er dy lju sa gau weiklaud hat mar faaks wiene der noch wat boppetallige skoalmasters oer. Der giet wolris in skoalle ticht dat dan krije jo dat en it is moai dat sokke masters en juffen dan wer plak ha. Se sille it wol drok krije mei alle feestlikheden.

Yn it foarste plak moatte se fansels neigean oft jonkjes wol om ‘e wike yn in jurk nei skoalle geane en oft famkes wol faak genôch cowboy boartsje. Jo moatte der no ienkear net fan útgean dat dy bern dat út harsels dwaan sille en se sille dochs witte moatte wat de mooglikheden allegearre wol net binne.

Dat kin moai oerdei. Dan kinne se jûns kreas te tsjinstrinnen yn de hoareka om nei te gean oft dêr net guon binne dy’t samar sûnder tastimming op in terras sitten geane te smoken. Of slimmer noch: op ’e dyk stean geane mei yn de iene hân in peuk en yn de oare in glês bier. Feesten moatte lfansels net út de hân rinne.

Remkes hie ek slim feestlik nijs al sil net elk dêr sa tsjin oan sjen. Hy wol dat wy stadiger ride. Dêr bin ik in grut foarstanner fan. Ik hie earjuster noch immen efter my oan te bumperkleven om’t ik 65 ried dêr’t 60 mei. Krekt foar’t wy elk in oare kant út moasten jage er noch om my hinne mei de middelfinger omheech. Dat gejakker mei 130 giet alhielendal nearne oer dat ik soe dat fuortendaliks rûnom mar nei 100 bringe.

Mar dêr hat Remkes in baas escape yn syn ridel ynboud. Want, sa seit Remkes, jo soene dy maatregel ek beheine kinne ta natura2000-gebieten. It is ommers net sa dat in auto yn Seelân soarget foar fersmoarging fan it Waad.

O nee? Hoe kin it dan dat 35% fan de CO2 yn ús lân komt troch útstjit yn it bûtenlân? En hoe kin it eins dat as ik dêr de 70% fan de útstjit dy’t de lânbou skynt te feroarsaakjen dêrby optel ik boppe de 100% útkom? Is der dan wat mis mei myn rekkenasine of doocht der oars wat net?

Dêr hat de minister-presidint himsels juster sa kreas as wat antwurd op jûn. It probleem is neffens him net de CO2-útstjit mar de útspraak fan de Hege Ried. It is dat ik sa goed harkje kin, oars wie soks jim grif ûntkommen.

Nederlân kin dus feestlik fierder en wy ha it fierder nearne mear oer.