Boerebedroch of kiezersbedroch?

De sfear wie euforysk. As waarden der tariedingen troffen foar de alvestêdetocht, it hoecht net oars. En wol 95% fan it folk stie fjouwerkant en dûbeld efter de aksje.

No ha jo soks yn ús lân nochal gau want der hoecht mar earne in deminte walfisk it paad kwyt te wêzen en wy sitte wikenlang yn nasjonale rou. Hoe mient oft soks dan is doar ik te bewifeljen.

En it is ek frijwat nuver dat dy 95% gjin petysje opset en tekene hat doe’t in pear heale gekken in buorkerij oerfoelen. Dêr wie fansels net sa’n moaie grutte trekkeroptocht by dêr’t moaie plaatsjes fan sketten wurde koene. Faaks is dat it.

De minister hat gâns in tasizzing dien. It effekt fan de aksje is dan ek grut te neamen. Ik soe der wol graach op wize wolle dat 49% ek minder as de helte is.

En dat it godgânske folk sa efter de boeren stiet bin ik ek noch net sa wis fan. Der binne my fierstentefolle dy’t miene dat dy boeren har beheine moatte ta it foarsjen fan iten allinnich foar ús lân. Jo soene der fan út geane meie dat sokken dan ek fan betinken binne dat boeren yn oare lannen dat ek dogge, dan ha wy rûnom in moai selsfoarsjennend sirkulêr systeem.

Kofje komt ek by de boer wie. En tee. De earste bananekwekerij moat ik yn Fryslân noch tsjinkomme en ik leau dat ananassen hjir ek net geweldich waakse.

Mar it sit by sokke dwazen allegearre aardich djip woartele. Alles moat hjir altyd oars. Dêrom nukke wy no substansjele parten biodynamyske rotsoai yn de benzine. It lân dêr’t dat op boud is hie ek brûkt wurde kinnen om lju yn oare lannen in sek moal te jaan. Mar nee, alles moat hjir oars en natoerfreonliker sadat wy konsumearderje kinne. Lit de lju dy’t neat te iten hawwe mar fierder omkomme.

Dat sizze dy idioaten fansels net mar dat is de praktyske útwurking fan dy dwaze fertoaning al. Want wy moatte altyd krekt dwaan as witte wy alles better en dêrom dogge wy alles oars.

Mar it folk stiet efter de boeren. Yn Fryslân fansels efter de Fryske boeren. Dy boeren yn Fryslân prate foar it meastepart Frysk, Biltsk of Stellingwarsk.

Dêrom kundigje de sjoernalisten fan Oes Omroep, Oes Taal oan dat de provinsje mei in taskforce komme sil. Wêrom’t dat net gewoan mei in Frysk wurd, bygelyks ‘eamelkliberke’ oantsjut wurde kin sil wol wêze om’t de polityk benammen efter oare as Fryske boeren stiet.

En de finale klap wurd jûn troch de deputearre fan de FNP (Frysk Nasjonale Partij). Dy wol mei dyselde taskforce sjen oft wy út de standstill komme kinne. Dêr kin ik allinnich mar út opmeitsje dat de FNP like bot efter de boeren stiet as efter it Frysk.

Oft dat gjin boerebedroch is dan is it yn alle gefallen kiezersbedroch.