Oant safier

In korrupt en folslein ynkapabel bestjoer fan in gemeente mei mear as in heal miljoen ynwenners. In presidint dy’t lang om let tajout allinnich yn in oarloch te stappen as er dêr sels better fan wurde kin (en dus net om ûnskuldige lju út it lijen te helpen). In lân dat mei stilswijende tastimming fan de fredesmaten syn grinzen ynienen 30 kilometer opskoot. In kristlike streaming dy’t oare kristlike streamings, oarsleauwiegen en ateïsten dy’t ek fan har bern hâlde as iennichste mooglikheid de hongerdea biede. Kommisarissen fan de kening dy’t har as loopjonkjes brûke litte fan ûnkundige politisy.

No, oant safier mar efkes.

O ja, jo kinne de hûn no al Frysk leare, dat skeelt wer.