De loopjonkjes sette troch

It wie hjoed gjin waar om yn de biten, it mais of it hea. Sels de hûnen doarden de loop fan wol 20 meter nei it ôfdak net oan dat dy ha as frijwat domme skiep yn de iepen efterdoar stien te sjen hoe’t ik dêr al bedarre om’t ik binnendoar no ienkear net smoke mei. Ik folgje de berjochten net hiel trou mar snein sil it neffens Piet leau ik 23 graden wurde. Wy wachtsje dat ôf.

It wie wol waar om op ‘e trekker efkes in loopke nei it Kulturele Hoofdtsadje te dwaan en dêr wie ek wol reden ta.

Graach wiis ik jim efkes op de mear as kostlike reportaazje fan Oes Omroep, Oes Taal fan sawat in healoere oer dat o heden. Ik ha it net hielendal sjoen, it lêste kertier ha ik hieltyd 4 minuten skipped. Ik hie net de yndruk dat der yn de tuskenlizzende tiid minder tegels, skonken, plafonds en trekkertsjillen yn byld west hawwe. De lûden fan de rezjy kamen tige helder oer. Jim moatte it mar ris efkes opsykje, it komt grif yn ‘e beneaming foar ien as d’oare priis. Mar dat melde se dan sels wol op Oes Omroep, Oes Taal.

Yn it foarige bloch neamde ik it provinsjebestjoer de loopjonkjes fan Den Haach. Dat giet fierstente fier fansels. De eufoary wie dan ek grut doe’t de FNP-deputearre mei syn meidielings kaam. Hy sei der ek noch wat by, faaks is dat wat ferlern gien yn de feestfreugde. Sykje dat ek mar ris op.

No wit ik wol dat ik sels in frijwat selektyf gehoar haw mar ik miende dochs echt dat de FNP-deputearre yn it NOS-sjoernaal sei dat bedriuwen as Skiphol en Tata Stiel ek romte hawwe moatte.

Oft in FNP-deputearre sok praat hat, wurdt it dan net ris tiid om de provinsje Fryslân op te heffen en oer te gean op in Noardlik Lânsdiel? Dan is der grif wol ien as d’oare útranzjearre europarlemintariër dy’t dêr presidint fan wurde wol.