Wa o wat

It tilt op ’t heden wer op fan de feestlikheden. Dat ha jo no ienkear yn it iepenuppige bêste lân fan d’ierde. Doe’t ik gûcheltrensleet frege efkes foar my te detektearjen út hokker taal de titel ôfkomstich is, kaam er mei Hawaiaansk oansetten. Ik tink dat dat net kloppet want doe’t ik trochklikte nei it ûnderlizzende triedsje (de LONGREAD soe Oes Omroep, Oes Taal sizze) kaam ik op wat mei Eastfrysk út. Likegoed is it ek gjin Eastfrysk, gjin Noardfrysk en sels net iens Sealterfrysk. Bargedútsk kin ek hast net want dat is leau ik net in offisjele taal. Dat it sil dan tink ik wol iepenuppich Frysk wêze.

Dat iepenuppige binne wy wakker grutsk op. Dat wy dat útfûn hawwe!!! It is merakel. It is sa’n merakel dat se it no by it Songfestival oernommen hawwe. Dêr stiet ek in LONGREAD oer op Oes Omroep, Oes Taal. En likegoed as de al earder neamde LONGREAD fyn ik dat iepenuppige taaltsje net hiel goed nei te kommen. It binne allegearre heal ôfmakke sinnen dy’t dan wer oergeane yn sinnen sûnder in begjin. Mar o, o, o, wat binne wy grutsk op ús iepenuppich hâlden en dragen.

Sadwaande koe de grutte bartelstriid fansels ek útgroeie ta in mânsk súkses. De kranten steane der no noch alle dagen fol fan. Sa sjogge jo mar dat it hiel handich is iepenuppich saken út Baskelân oer te nimmen. Soks smakket fansels iepenuppich as wy binne nei folle mear dat no is it each dus fallen op Dútsk East-Fryslân. It binne ek bêst hiel aardige lju dêre, ik wit út ûnderfining dat se folksdûnsje as de bêsten. Mooglik kin de Skotse Trije dêr noch wat oan ha. Frysk prate dogge se dêr leau ik al desennialang net mear mar se ha it taaltsje no al as noviteit hjir en dêr op in buordsje te stean. It wurdt dus heech tiid dat ús Frysk ek opwoutere wurdt ta it meast útwrydske novum fan d’ierde.

Dêr wurde ek al gâns prikken foar yn it wurk steld. Mei feestmokkel Douwes foarop bokselje wy troch de rjochtsteat hinne om ús iepenuppich aard rjocht te dwaan. Want it Frysk is in noviteit dy’t hoe dan ek beskerme wurde moat. Omdat wy it bêste lân fan d’ierde binne. Alle djipfriezen jûchheie al bartelboartsjend efter mokkel Douwes oan as wie se Grutte Pier sels. En om’t mokkel Douwes it Frysk as gjin oar as noviteit beskôget draaft se yn allerhanne Hollânsktalige praatprogramma’s op en twitteret se ek fleurich-op yn it Hollânsk oer fan alles en noch wat.

As wy de Eastfriezen noch net ferslein hawwe dan sil dat meikoarten wol sa fier wêze. En der is gjin rjochter dy’t dat opkeare sil. Dêr soargje de iepenuppige Friezen wol foar.

De ûntjouwing fan it fak Frysk op skoalle leit stil. Der skine wat iepenuppige regels troch Europa útfeardige west te hawwen dy’t sizze dat it op syn minst sa wêze moat dat in pear Welsken, Flamings, Basken, Katalanen en Sealterfriezen de kâns krije moatte dêr wat oer te sizzen as se dat foardieliger dwaan kinne as Friezen.

Ik tink dat dat al gau kin want Belgyske kij stjitte ek minder stikstof út as Fryske. Wy moatte de kij ek mar gau oan de patat sjen te krijen. Dat sil wol slagje as wy der by stean geane te barteljen en goed dúdlik op buordsjes sette oft it Biltstar of Wâldgieltsjes binne. It sil in grut feest wurde, mokkel Douwes der mei de Fryske flagge by en der binne grif wol in pear ymportearre keunstners dy’t de saak mei wat kreaze pompeblêden fan bamboe of sa opfleurje wolle.

Wa o wat docht mei?