Gatsjepanne

It is it alderpynlikste dossier yn syn hiele mp-karriêre. No witte wy dat it ûnthâld fan ús mp tichterby in gatsjepanne sit as by in hurde skiif en dat krige er sels ynienen ek in bytsje yn ‘a gaten. Der wie ommerrs noch wat mei in nustje lju yn in fleantúch dat út ‘e loft rûgele. Neffens my is der noch in dossier mei sawat likefolle ûnskuldige deaden as gatsjes yn dy gatsjepanne, mar ik leau dat ús mp dy gatsjes tichtkitte hat.

Der is in tige drastyske maatregel nommen. Foar Friezen yn it bysûnder. Wy ha hjir nammentlik in trajekt fan wol sa’n 78 kilometer dêr’t jo oant no ta hurder as 100 meie. En om’t Friezen fansels de tiid fan hynder en wein al lang ûntgroeid binne, jakkerje se alle dagen in kear as wat dat trajekt del. Wat sil dat wol net ynhâlde as jo dêr noch mar 100 meie? Dat kin jo nei wat gerekken samar 25 oern deis skele. En wat smyt soks no op?

Neffens De Telegraaf krije wy dan in útstjitreduksje fan mar leafst 0,07% It ûnderbouwende stik kin ik net lêze want dat is foar premiumabonnees mar myn idee dat de stifstofsifers benammen fan boekhâldkundige aard binne wurdt der allinnich mar sterker troch. Der is fansels wol deeglik in probleem al liket it dat der noch aardich wat folk is dat dat ûntkent. As wy op de media ôfgeane bis dat in hiele kliber.

Elektrike riders binne ek tsjin fansels. Mar elektrike riders hawwe bloed oan de hannen. Yn it foarste plak binne it dwazen en yn it twadde plak binne it moardners. Skjinne enerzjy bestiet hast net. Jo kinne by in fulkaan stean gean en jo opwaarmje litte troch lava. Yn Yslân kin dat leau ik by geisers. Dat is skjinne enerzjy. De sinne is ek skjin. Mar alle helpmiddels dy’t earst yninoar nivele wurde moatte om de skjinne enerzjy om te setten en wat brûkbers foar oare doelen smyt fansels hielendal gjin skjinne enerzjy op. Om it der noch mar net oer te hawwen hoefolle rotsoai oerbliuwt as dy apparaten ‘op’ binne.

En mei dat elektrike riden giet it noch in stap fierder. It kin de klimaatidioaten gjin sek skele dat bern yn fiere lannen de meast freeslike sykten krije (oft se de piip al net útgeane) om’t dy klimaatridders sa nedich miene dat se skjinne hannen hawwe moatte. Underwilens ek noch bulten subsydzje ynhengelje en gjin wegebelesting betelje. Sy binne it dy’t de wrâld dy’t wat fierder fan harsels ôf stiet as de eigen bern útrûpelje. Moardners binne it.

IS-bern skine in oplieding ta moardner te krijen. Der moatte leau ik ek in stik as wat ‘Nederlânske’ wêze. Ik tink net dat dy allegearre fan doel binne allerhanne lju om te lizzen nei’t jo se in bytsje fatsoenlik behannele hawwe. Wat it jongfolk yn eigen lân oanbelanget lês ik hieltyd faker dat ien fan in jier as 13-14 in oaren delknalt. Dêr hoege jo blykber gjin iS-oplieding foar.

Mar fan helpferlieners moatte se ôfbliuwe. Ek sa’n dwaas Nederlânsk idee. Ien dy’t immen helpt as er mei it skûtmobyl yn ‘e feart bedarre is, is ek in helpferliener. Meie jo dy aanst wol sûnder swiere finzenisstafffen foar de harsens slaan? Wat is dat foar flauwekul sok ûnderskied te meitsjen?

Hoe benaud moatte wy no wêze foar dy IS-bern? Ik soe it net witte. Mar ik ha it ek net hielendal stean op in boskwachter mei in mitrailleur dy’t in min sin hat om’t de frou wer ris net neuke woe. En hoe lang moat it eins duorje foardat memmen en de wat âldere bern dy’t by in skoalle it ferkear yn goede banen liede dêr mei sjitark oer gear meie?

Jo kinne jo wol wakker drok meitsje om in pear IS-bern dêr’t foar’t neist net al tefolle mei mis is mar ik soe my mear soargen meitsje oer hokker kant it út giet mei folk dat hjir hikke en tein is. As dy in oplieding krije fan in gatsjepannepremier dan stiet ús noch hiel wat te wachtsjen bin ik bang. De elektrike moardkommando’s hwwe de guit al aardich te pakken.

Faaks kinne dy de bûtenlânske helptroepen ek mobilisearje om de fersmoarge grûn hjir skjin te slikjen. Ik haw oanwizings dat Nederlânske bern dat ferrekke. Al hiel lang.