Gemeentesipels

Ik doch meast alle dagen efkes it bewende rûntsje nijsopdjipping. Meast is der hielendal gjin nijs mar jo wolle ek neat misse fansels. Guon berjochten steane jo efkes langer by stil. Dat kin wêze om’t se mear as sljochtweihinne ynterressant binne of – wat faker foarkomt – fan gjin kant doge kinne.

Der moat mear biodiversiteit komme. Dat fynt sa goed as elk. En as elk dat fynt dan mei dat blykber ek in pear sinten kostje. Underoan dit bloch stiet in skets. Ik wit net wat dy skets koste hat want se fertelle my noait wat mar ik rûs soks op sa’n € 10.000,00. It giet om in skets fan de Tilledyk yn Ingelum.

Ik bin aardich bekend yn Ingelum. Oan de Tilledyk steane 6 (seis) huzen. Earder stiene der 7 mar dat is al langer as fyftich jier lyn. Mei in bytsje goede wil soene jo it ‘greidehúske’ ek noch meirekkenje kinne, al stiet dat wol 200 meter fan de dyk ôf. Mar dan steane der dus al wer 7.

Net ien fan dy huzen hat bebouwing sa as op de skets oanjûn. No net en fyftich jier lyn ek net. Ik wit net wat wy fierder allegearre op dy skets sjogge. Dat rûne ding soe in strontsilo wêze kinne. Der is wol ien strontsilo oan de Tilledyk mar dy stiet efter in stjelp. Rjocht efter dy stjelp, net skean of der heal neist.

Fierder sjogge wy as ik it goed ha in krusing. Der is gjin krusing op de Tilledyk. No net, en fyftich jier lyn ek net. Der is wol ien ôfslach. Dat is de ôfslach nei de Mieddyk. Dat wie fyftich jier lyn sa en dat is no noch sa.

Der is al ien ôfslachje bykommen. Der siet nammentlik foar de bussen en sa wat in ferfelende bocht yn de Tilledyk dat doe ha se it ding rjochtlutsen. Dêrtroch is der in stikje dearinnende dyk oerbleaun. Dat wie fyftich jier lyn net sa mar dat is no al sa.

Der is gjin fentwei by de Tilledyk del. Ek net in lyts stikje. No net en fyftich jier lyn ek net. En der sitte gjin ferkearsdrompels yn de Tilledyk. Noait sa west en no seker net.

De fierdere figueren olp de skets soe ik werklik net fan witte hoe’t ik dy oantsjutte moat. It binne net-besteande eleminten.

En wêr tsjinnet dizze skets no foar? No, foar de biodiversiteit dus. Want der sille fan gemeentewege blommen plante wurde. En net samar wat blommen mar titelroazen en siersipels. Dat is moai, tinke jo dan. Krekt sa’n putsje foar de biologyles fan de beide basisskoallen.

Mar it sit oars. In bedriiuw út Noordwijkerhout sil der mei grut ark oer gear lit de gemeente ús witte. Dat suggerearret as soe der in pûnsmiet as wat frij wêze om de blomkes en de bijkes har gerak te jaan.

Dat is der hielendal net oan de Tilledyk. Der is al in ûnnoazel hoekje dat frijkommen is troch dat rjocht lûken mar as jo dêr in trekker op sette dan moat der al in ferhipt goede sjauffeur op, wol dy it ding in slach yn de rûnte krije.

En ha wy ek net Rob’s Tuincentrum, Tuincentrum Marsum en hovenier Siebe Schaaf? Samar trije lokale bedriuwen. Dy hiene dat putsje mei dy skoalbern tink ik wol efkes begeliede wollen. Foar € 2.000,00 of sa. Sûnder skets.