Gekkehûs

It lân fersakket net sa hiele egaal, wy ha in pear droege riten hân en it gas is ek hast op en wat der noch al is meie wy net oankomme. Genôch foer foar bobo’s om wat fatsoenlik troch de tiid te kommen.

Treinen kinne nammentlik net sa goed oer hulten en bulten dat 80% fan it spoar is folslein ûngeskikt foar it materieel dat wy ha wolle want it moat hurder en der moat ek mear folk yn. Kostet miljarden. Earstens soene jo jin ôffreegje kinne hoefolle tiidwinst dat hurder no hielendal opsmyt en twads soene jo jin ôffreegje kinne wêrom’t elk ynienen sanedich fan A nei B moat. Yn de digitale omwrâld soe ik in folslein tsjinstelde beweging ferwachtsje. Bobo’s net.

Dat it wetterskip te min jild hat komt net troch droege riten. De fee-arts (dat hat by ús nea in feedokter west en sil dat ek net wurde) sei fan ‘e moarn dat er wol in tal lju ken dy’t by it wetterskip wurkje en dat dy stik foar stik tsjin him sizze dat se fan dat wurk net wurch te krijen binne. Mar ja, droege riten. Bobo’s miene dan fuortendaliks dat it normaal is priisferhegings fan 15% troch te fieren. Te min jild komt troch wanbelied, net troch twa wat droegere simmers.

Gas op. Gjin inkeld probleem foar bobo’s. Nuk hjir en dêr – en by foarkar op agraryske grûn – wat sinnedingen del en it hiele probleem is oplost. Sa tinke bobo’s. De monteur dy’t oardel jier lyn by my wie om de tûke mjitter te ynstallearjen hie dêr hiele oare gedachten oer. Netwurk folslein ûngeskikt. Dêr komme de bobo’s no ek efter. Gjin probleem, it folk mar wer efkes ta de beurs.

Frans Timmermans fleantt nei Madrid. Hy hat it nammentlik fierstente drok om mei in trein oer hulten en bulten dy kant út. No’t de man klimaatmessias is moat er rûnom dêr’t sûpt en fretten wure kin by wêze en dat slagget mei dy trein net heal. Ik ha in grouwéligen hekel oan PvdA-ers dy’t it drok hawwe. Want ik ha wol mear sokke eksimplaren meimakke. Ek ien dy’t freedtemiddeis nea te berikken wie om’t er oan it boathimmeljen wie. Hy wist nammers net dat ik dat wist.

De bobo fan de GP Zandvoort is der wis fan dat hiel Nederlân dy kant op ‘e fyts út sil. Want ek al reint it hûnehokken dan noch tilt Amsterdam op fan ‘e fytsen. Nederlân is in fytslân. Syn betrouwen is grut. Minent is sa goed as nul. Allinnich al om’t in bobo it seit.

Bulten Nederlanners wurde mei skulden fan sawat in ton opskipe om’t de oerheid himsels oplein hat om it kwotum fraudeurs te heljen. Bobo’s binne och sa tûk as it om it heljen fan kwota giet. En se binne noch folle tûker as it der om giet de wet nei te libjen. Oft jo neffens de wet noch rjocht hawwe op € 37.000,00 jiers oanfolling dan kin nimmen sizze dat jo fraudeur binne as jo dat jild ynkassearje. En as jo net alle wiken op jo rekken sjogge dan kin it ek samar wêze dat der € 4.900,00 ûnterjocht útkearde reiskosten byskreaun binne. Dan sizze jo sa ûnnoazel as in bobo dat dat dom is en dan ha jo dat ek wer hân.

En mei al sok folk fine wy it frjemd dat it lân op syn minst justjes fernuvere is? Hjir en dêr ris mei in trekker wat saken opkeard? Mei in minister-presidint dy’t fynt dat de polityk net alles regelje kin?

Tsja, it is dat jo witte dat der ek noch in pear normale minsken binne, oars soene jo tinke dat wy hjir yn in gekkehûs ferkeare. Mei hjir en dêr in oer it hynder tilde ridder dy’t yn it hjitst fan de striid it migen net ynhâlde kin en in sjoernalist dy’t it oer dobberurkers hat.

One comment on “Gekkehûs

  1. Eddy 5 desimber 2019 11:49

    It Wetterskip hat twa jier lyn it gebou foar miljoenen ferboud.
    Ja, en dan no eamelje dat it jild skjin op is.
    Krekt as by de Fryske Akademy. Foar miljoenen de saak ferbouwe en dan no âlje dat it finansjeel yn swier waar sit.
    De provinsje giet wol wer ta te bûse.
    It Wetterskip lit de ynwenners fan Fryslân der foar op draaie.
    De boeren binne wer de klos.
    Wy libje yn in nuvere tiid.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>