Pretty krystdeis

Foar in knap jieroersjoch is it wol handich dat jo it jier bydel wat dingen byhâlde en opskriuwe. Dat haw ik sleau genôch wer net dien. It soe hjir en dêr dan ek justjes ûnfolslein wêze kinne. Mar der binne wol in pear opmerklike saken te beneamen.

It jier begûn mei in horrorwinter dy’t net kaam. Dat komt faker foar dat hiel ûngewoan is it net. De simmer wie by riten hjit en op de alderhjitste dei waard hjir lokaal útfûn dat it hea binnen helle wurde moast. Ik ha it swit no noch blank op ‘e rêch stean as ik der oan weromtink. Aldergelokst wie myn eigen funksje beheind ta it fersoargjen fan de catering mar dat wie al slim genôch.

Dit wie ek it jier fan de stekkerij. Benammen de lêste wiken giet der gjin dei foarby of der wurdt earne wol immen omlein. Doe’t wy fan de legere skoalle ôf wiene waarden jo net rjocht foar fol oansjoen oft jo gjin mes by jo hiene. Sûnder dat ark wie it sa goed as ûnmooglik te oerlibjen. De skiednis liket him te werheljen allinnich moat der earne by de lessen maatskippijlear wat mis gien wêze.

In oar hot item wat dat fan de boeren. Neffens de nijste ynsjoggen binne jo earst in echte boer as jo moarns foar melken in krat bier of in liter sterke drank efteroer slein hawwe. Ik werken my dêr net yn en ried dat ek net oan as jo noch in frachtwein mei 500 baal ierdappels lade moatte. Yn dizze guerrila-oarloch lykje lykwols alle útspraken tastien likegoed as it produsearjen en publisearjen fan allerhanne oersjochjes. Salang’t dy oersjochjes net ta in ienriedich byld liede bin ik net fan doel ek mar ien fan dy oersjochjes te leauwen. En salang’t lju tinke dat kofje en bananen net by in boer weikomme dy’t oan it bûtenlân leveret, hâld ik it der op dat it dwazen binne.

Net allinnich dwaas mar ek swier krimineel binne lju dy’t oan de haal gien binne mei it bibelske fenomeen dat jo de jo taskikte sulverstikken goed brûke moatte en net bedobje om se letter wer op te dollen om allinnich sjen te litten dat jo der goed op past hawwe. Bibelteksten kinne moai en prachtich wêze mar as se twatûzen jier lyn opskreaun hawwe “Jou dy ôf en set bern oan” dan moatte jo dêr wol by betinke dat se doe wakker út ‘e romte tarre koene. Dat is oer.

Slavernij is ek oer en dêr binne wy wakker grutsk op om’t wy persoanlik fansels ek hielendal net mear as skuldige oanwiisd wurde kinne. Is dat sa?

Wy brûke dy sulverstikken no hiel oars. Wy wolle fansels net ha dat ús bern it minder hawwe as dy fan de buorlju. Foar it gemak beskôgje wy Kongoleeske bern net as ús buorlju. En wy dogge ek krekt as binne it ús slaven net. Mar dat binne se al.

Yn ús ûnhjirmlike oanstriid roomsker as de paus te wêzen twinge wy dy bern yn de meast mislike omstannichheden foar ús skjinne enerzjy te soargjen sadat wy by de buorman swetse en sweare kinne hoe goed wy wol net dwaande binne. En as it heal treft skuorre wy dêr dan as ferlechje ek noch by dat dy Kongoleeske bern it mei wurk yn alle gefallen better hawwe as sûnder.

Ik wit net wêr’t ik dat yn de bibel fine moat mar it liket my op syn minst like krimineel ta as de kluchten fan in neipuberjend IS-famke. Dêr sprekt it heale lân lykwols skande fan om’t der foar de sjochbuis en op de tredde skerms fansels fan alles en noch wat oer dy IS yn byld komt. Dat is fansels och sa noflik, dan hoege jo de gefolgen fan de eigen legalisearre moardpartijen net ta jo te nimmen.

Der moat in ferdomd goede dûmny oer gear om my út te lizzen dat dit is sa’t de bibel it bedoeld hat.

Ha wy fan’t jier ek wat mist? Dat wit ik net krekt. Op gûchel koe ik neat fine oer Frysk Diktee 2019. Mooglik is dat ôfskaft om’t alle Friezen ûnderwilens sûnder wryt of slyt de eigen taal skriuwe kinne en ek alle boeken al lêzen hawwe. Dat lêste soe kinne.

2019 is it jier fan twa folslein tsjinstelde bewegings. Oersjochjes (al wer oersjochjes) jouwe oan dat de jongerein och sa graach Frysk leare wol en folle better ûnderwiis hawwe wol. By de ynstituten dêrfoaroer kachelet it Frysk mei kûgelsfeart efterút. By de Afûk hawwe se it oer ‘De lansjearring’, ‘Let op!’ en ‘No te krijgen’ wylst se en passant it godgânske Nederlânske folk leauwe litte wolle dat wy hjir noch op it húske sitte om mei kranten dien wurk te meitsjen. En by Oes Omroep, Oes Taal nimt it tal folslein Hollânsktalige ynterviews yn rap tempo ta wylst se it yn de skreaune bydragen hawwe oer ‘Stjinwyk’, ‘Foarset ûnderwiis’ en ‘De omstanners rekken slachs’.

En no moat ús deputearre – it earme minske – it ûnderwiis hjitfolgje om it ûnderwiis te ferbetterjen? As ik skoalmaster wie dan soe ik sizze: “No moatte jo ris efkes goed harkje. Geriif ús earst mar ris mei in pear plakken dêr’t wy de bern op wize kinne dêr’t se fatsoenlik Frysk tsjinkomme kinne. Salang’t dy der net binne prakkesearje ik der net oer om har wiis te meitsjen dat se net sûnder it (skreaune) Frysk kinne. Dat dogge wy sa nammentlik ek net mei rekkenjen.”

En dan ha wy fansels de djipfriezen noch. Dy miene losgean te moatten op it ûntbrekken fan ‘Noflike krystdagen’ fan it keningshûs. Mar dy djipfriezen binne sels in grut part fan it probleem fan it net brûken fan it Frysk. Party fan dyen slagget it net heal om ek mar in pear wurden sûnder flaters op papier te krijen en dat wat se al delkwattelje is sa aldermachtichst âldfrinzich dat jo hast Aldfrysk studearre hawwe moatte om dat noch nei te kommen.

Ik bin gjin ferklearre foarstanner fan it keningshûs mar salang’t se it dogge sa’t se it no dogge hoecht it om my net oars. En ik bin yn alle gefallen in stik wizer mei harren nijjierswinsk yn de talen dy’t se keazen hawwe as mei alle oare idioaterij om it Frysk hinne.

Want it duorret noch mar krekt efkes dan kinne ús bern op Oes Omroep, Oes Taal leare dat jo elk ‘Pretty krystdeis’ tawinskje moatte. En dat fine wy dan alderkostlikst want se brûke Frysk.

Jou my dan mar in krante.

1 thought on “Pretty krystdeis

Comments are closed.