Frou Botma

It libben wurdt wer in bytsje gewoan, Foar safier’t ik it besjen kin wie juster teminsten foarearst de lêste kear fan útwrydske iterij bûten de doar. Jo hearre my fierder net kleien, ik mei hast alles en yn tsjinstelling ta guon resinsinten bin ik noch nea in plak tsjinkommen dêr’t it net yn oarder wie. Ik bin bang dat sokke resinsinten thús gewoan hielendal neat krije.

Juster wiene wy yn Froubuorren, in pear moanne lyn yn Stiens en tuskentroch ha wy ek noch efkes yn De Pein west. Poerbêste plakken foar gewoan folk. En om dochs efkes in kritysk lûd hearre te litten: De Pein stekt justjes boppe de E10 en Jelsum út. It is krekt gjin fretfabryk en moai smûk ynklaaid. In bulte húshâldings mei (lytse) bern, krekt as wy. Gjin driuwerij, gjin noartske gesichten en sels it bier mochten wy eigenhandich frij en út ‘e folop taapje. Ik leau dat jo der offisjeel 2,5 oere sitte meie mar wy ha der 4 oeren oer dien. Ik wit net oft dat noch wat mei ús mem har beurs dien hat mar se sei dat it net ôffoel. Dat leauwe wy dan.

Doe’t wy dêr sieten is der himelsbreed in kilometer as fjouwer fierderop wat slims bard. Oft ik de kommentaren op dat barren lês en hokker konsekwinsjes dat hawwe moat dan kin ik net oars sizze as dat de etalearre saakkundigens bûtengewoan is. Sels kom ik net folle fierder as te konstatearjen dat dy jonges net krekt as ús earne sieten te iten. Oft jo net fan de hoed en de râne witte dan lykje hiele referaten oer opfieding en noarmen en wearden my in frijwat nuodlike ûndernimming ta.

Justjes letter wiene der al wer in pear jonges dy’t wat diene mei slim fatale gefolgen. Ek fan har omstannichheden witte wy net it aldermeaste. Wat wy wol witte is dat de mienskip dêr in bank dumpt hie dy’t dêr net heart. Dat skynt frij normaal te wêzen, ik kaam fan’t simmer ek alris sa’n ding tsjin yn de Ingelumer mieden. Dat is like normaal as it dumpen fan in pear hûndert konteners mei bestelde rotsoai yn de see. En it skynt ek de gewoanste saak fan de wrâld te wêzen dat bongels fan om de 25-35 hinne mei bommen yn de slach binne dy’t net ûnder dogge foar oarlochsreau. En dan fine wy it nuver dat jonges fan in jier as tolve ek ris wat wolle? Dy wolle har gewoan spegelje oan wat normaal is. Dat woene wy foarhinne ek.

Ferkearsgedrach is ek sokssawat. Wêrom wurdt ik altyd ynhelle op plakken dêr’t ik my kreas oan de dêr jildende snelheid hâld? En wêrom hawwe bussen altyd foarrang op plakken dêr’t it sa dúdlik as wat is dat ik earst mei? En wêrom wurde automobilisten poerrazend as ik by fersin in kear mei grut ljocht efter har sit. Wêrom snije sokken my ôf, geane plat op ‘e rem stean en komme mei grof ferbaal geweld fanwegen? Sels noch nea in flater makke, tink?

Jonges dy’t in roustoet bekûgelje mei fjoerwurk. Wêrom dogge se dat?

En wêrom hawwe boargemasters it eins oer ‘ynsidinten’? It binne hielendal gjin ynsidinten. It is de jongerein dy’t har besiket te spegeljen oan de maatskippij dêr’t se yn grut wurde moatte. Konteners yn it Waad, bankstellen yn portiken en húshâldings dy’t sitte te iten wylst se om de bliksem wol witte dat net elk dat kin.

Der sil dus wat feroarje moatte. Ik soe ris begjinne op te hâlden elkenien te dookjen. Dat sil in klap wurde foar Oes Omroep, Oes Taal mar dy hawwe in foarbyldfunksje en no’t frou Botma opholden is, lizze der kânsen.