(*)

It is folslein bespotlik dat bern(*) nei skoalle geane. Bern hearre te boartsjen. Dat kin mei in bal en ek mei in pop. Se kinne sleatsjespringe, beamkeklimme, hoepelje en al sa mear.

Skake en damme is gjin boartsjen. Bern binne net geskikt om nei te tinken, dat wit elk. Dêrom binne it bern. Net oan sokke ‘spultsjes’ oerleverje dus. Bern moatte ek net lêze, sels net oft in oerpake of sa sels tafallich in boek skreaun hat. Boeken binne net geskikt foar bern want dan moatte se har eigen fantasij gean litte en saken ynterpretearje. Net dwaan. Bern moatte ek net meidwaan oan solistekonkoersen of sa om’t heit en/of mem tafallich ek by it muzyk sitte. Dat is dom kopieargedrach en dat moatte wy net ha. Bern moatte boartsje, mear net.

Ha’k it sa goed begrepen, Marjolein? Of moat ik frou Faber sizze, sa’t wy op skoalle learden?

(*)Dat binne alle eksimplaren ûnder de achttjin. Dêrnei binne it folwoeksenen.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>