Sineeske ynboarlingen

Us nasjonale grûnfroastmiger like alle hope festige te hawwen op in noardlik sigentsje. Noardlik klinkt no ienkear och sa wintersk mar sels dit liket him by de hannen om’t ôf te brekken. Mooglik om’t er net goed ynskatte koe oft in boppelandich, ûnderlandich, útlandich of troch en troch landich koeltsje wurde soe. Underwilens draait it lân gewoan troch.

Us premier hat alles byinoar skriemt by de konfrontaasje mei de troch him ferhûddûke en yn de nederklits holpen dupearren moat ik út de sosjale media opmeitsje. It sil him net reitsje want sosjale media binne neffens him sa goed as út ‘e tiid. Dat liket my dan it ultime bewiis dat de man yn in folslein oare wrâld libbet as dat er yn tinkt te libjen.

Mooglik komt dat troch syn kontakten mei Trump dêr’t it noch al krekt fan wit dat dy twitteret. Hy liket lykwols net ynsjen te wollen dat dat sekreet mient te gean oer de Nederlânske kennisekonomy en mocht him dat alris begjinne te skimerjen dan lycht er faaks dat er noch fan Halbe wit dat dy mei him yn de datsja siet. Wylst Trump hielendal gjin datsja hat. Mar wol in soarte fan Sineeske stokjes dêr’t er mei yn ús brij sit om te rieren. En yn ûngemakken mei Boeings. Mar wy dogge wat stiller wat better want der binne wichtiger saken.

De Partij voor de Dieren wol in snackferbod nei 23.00 oere. Dy sille dus wol krekt as Rutte fan betinken wêze dat sosjale media en benammen sosjale kontakten de langste tiid hân hawwe. Ik wit net oft de bistepartij it foar it snotsje hat mar in jûn stappen ferget hiel wat fan in minske en dêr krije jo danige skroei fan. Der sil dan ek in stik bist yn moatte foar’t jo de thúsreis ûndernimme kinne en it makket dat bist werklik hielendal gjin reet út oft er no om 24.00 oere of om 15.00 oere behaffele wurdt. Ik jou de foarkar oan 15.00 oere mar de stapperstiid leit dan ek fier efter my. Mar om lju dy’t dêr noch middenyn sitte no sa it near op te lizzen?

Se sille D66 wol oan harren kant fine, dy wolle as it heal kin nei 23.00 oere alle mooglike soarten fan drugs sawat heal fergees beskikber stelle. Ik soe harren oanriede wolle harren ris te bejaan yn de ferskate sosjale fermiddens. Mooglik sjogge se dan dat de útwurking fan drugs hiel oars binne as dy fan drank. Mar dan moatte se al justjes fierder reizgje as de bistebubbel. Mooglik is dat tefolle frege.

Want dat is noch in aardich stik fierder as in loopke nei it depresjegala. Dêr wurdt – terjochte – gâns skande fan sprutsen mar hiel unyk is dat hiele o heden no ek wer net. Yn Fryslân bart mei subsydzje foar it Frysk nammentlik wakker itselde. It jild wurdt by’t kroadfol de ynstânsjebulte opjage dêr’t bobo’s as wjirms yn it guod omhaffelje wylst de skriuwers fan doarpskranten, toanielklups en oar frijwat sljochtweihinne folk dêr hielendal gjin sek oan hat wylst dy it wol binne dy’t de taal noch in bytsje op fuotten hâlde.

Dat witte wy allegearre wol mar it ek sjen en oan it ljocht bringe, ho mar. Leaver reitsje wy yn alle steaten as der wer ris in heal miljoen bestege wurdt oan seksles foar in pear panda’s. Dat binne Sineeske ynboarlingen dy’t hjir hielendal net thúshearre. No mei dat noch hinnebruie mar doe’t wy hjir mei in stikmannich seehûnen sieten dy’t hjir leine neat te dwaan kamen dy Sinezen ek net fanwegen as it my goed heucht. En der is ek gjin Sinees dy’t beswier makket tsjin ús sneldekkers dêr’t wy de mosken alle tagong ta harren habitat mei ûntsein hawwe.

Mar wy moatte de panda’s al rêde. En de tagong nei It Amelân. Wachtsje op heech wetter duorret ús fierstente lang, boatsjes mei minder djipgong yninoar nifelje liket ús dwaas want dan kin de auto net mei. No, polderje dan daliks dat hiele waad mar yn dan binne jo fan alle gesoademiter ôf. It berik fan de mobile apparatuer is dêr ek net al te bêst dat dan hawwe jo ek gjin lêst fan de sosjale media.

Nederlânsk flachje delplantsje en klear.