Visions

Wylst se yn Den Haach wakker dwaande binne fan alles en noch wat út te roegjen lykas bibleteken en Ljouwert har heil siket yn maatskiplik folslein ûnferantwurde fikjestokerij troch wat stokbôle haffeljende bûtenlanners dy’t hjir grif net fossylfrij hinne reizge binne hat ús brassband fan ’t jier 75 jier bestien. Ien fan de leden sil fan’t jier in loopke nei Litouwen om mei te spyljen yn de Europeeske Jeugdbrassband dat alhielendal wrâldfrjemd binne wy hjir net. Ferline jier die der nammers ek al ien fan ús brassband mei. Der spylje leau ik gjin kulturele Ljouwerters mei by soks. Amen.

Jûn hiene wy it iepeningskonsert fan it jubileumjier. Se (brassband “Looft den Heer”) begûnen mei ‘Men of Harlech’. Dat stik haw ik wol aardich goed yn it ûnthâld sitten en yn dat ûnthâld klinkt it allegearre wat frisser en sprankeljender as dizze útfiering. Sorry. Fierder wiene der genôch hichtepunten, gjin noed.

It jeugdkorps kaam ek oan bar. No ha jo op in doarp net samar in jeugdkorpsbesetting mei in trochsneed leeftyd fan in jier as 10-11 byinoar dat se hjir by ús sûnder opdrachten út Den Haach of Ljouwert wei alle religieuze en ateïstyske streamings út Berltsum, Menaam en Bitgum | Bitgummole | Ingelum byinoar swile en op ien grutte bulte skood. Se rippeteare alle wiken op woansdeitejûn sadat se dan gjin (lykas se yn Den Haach graach wolle) bushokjes ferniele en oan de drugs sitte. Dat docht safolle fertuten dat der tink ik aardich wat ‘grutte’ doarpskorpsen binne dy’t it kwa technyk, suverheid en balâns lang net byfytse kinne.De power moat noch wat groeie mar jo meie oannimme dat dat goed komt oft de longen waakse.

Nei it skoft hiene wy ferlotting. Ik ha gjin priis wûn en dat hie ek net moatte want ik hie de lotten net by my. Dat hie de ferkeapster ek hielendal net sein doe’t wy dy deal sleaten. Dat dan hie ik der wer nuver op stien.

O js, de brassband spile foar it skoft in stik as wat stikken en it jeugdkorps ek in stikmannich sadat jim dus net tinke dat dit it wie.

Nei it skoft krigen wy earst in massed band. Dat is Ingelsk foar in út ‘e foegen barste besetting mei yn dit gefal in folslein slachwurkensemble (foar it grutste part learlingen), de blaaslearlingen en de brassband sels. Dat wie in moai spektakel en benammen foar de jeugd tink ik in geweldige ûnderfining (om Den Haach hoecht soks net).

Foar’t ik no fierder skriuw moat ik earst wat sizze oer myn eigen muzikale foarkarren. Ik harkje in hiel soad nei brassensembles, eksperimintele brassmuzyk mar ek Russyske, Sineeske en oare eksoaten. En it komt geregeld foar dat ik dan begjin te trieneagjen. De kâns is frij grut dat ik no net mear as Fries beskôge wurdt mar dat is dan net oars.

By it stik ‘Visions’ dat de brassband nei it skoft spile hie ik it ek. Ik siet moai op de efterste rige dat ik leau dat net ien der erch yn hân hat. Ergens is it spitich dat jo witte dat it de eigen brassband is want oft jo dat net wisten dan soene jo tinke dat jo earne yn hiele fiere oarden djip yn de natoer wiene. Fenomenale solo’s, geweldige tutti’s en in band dy’t sjongt (letterlik) as wie der in yndianestam of sa dwaande in offerfeest ta te rieden. Skreaf ik earder dat der aardich wat ‘grutte’ korpsen binne dy’t net oan it jeugdkorps tippe kinne, ik bin der wis fan dat der noch mear koaren binne dy’t sawat troch de grûn sakje soene as se sa sjonge moatte.

No, dat wie it. Ik ha net neisitten want ik wie yn de auto en boppedat hie ik slim ferlet fan in peuk en jo meie dêr net smoke.