Sineeske humor

Hjoed hawwe (in part fan) de boeren de euvele moed hân de wierheid nei bûten te bringen. En sa’t soks yn in korrupt lân dan giet: “Sa kinne wy net fierder prate”. Krekt lykas de measte minsken haw ik in lyts bytsje lêzen leard en nei trije kear kin ik ta gjin oare konklúzje komme as dat der net mear stiet as de wierheid. Dêr is neat bedriigjends oan. Mar it wurdt net allinnich delset as bedriigjend, mar ek as ‘dom’. Ik werken dêr wol wat eleminten yn fan hoe’t it giet yn de ‘Frysk’ kultureel-literêre wrâld.

Wy kinne hjir net sa goed oer de wierheid en dêrom wurde wy ek hystearysk as der yn in oar lân ris wat te rêden is. Sina bygelyks. Sinezen plichtsje altyd fan alles en noch wat ûnder de pet te hâlden. Dat soene wy noait dwaan. Wy feie op syn heechst wat folslein ûnskuldige boargerdeaden ûnder it steatsgeheime swilk.

Oeigoeren brainwashe soe ek noait yn ús opkomme. Wy geane net fierder as duvelútdriuwerij by bern. Dêr binne ek wol wat bylden fan mar it komt by nimmen op om dy troch te stjoeren nei Sina.

Wy soene it ús net heal yn ‘e holle helje om ynienen in folslein natuergebiet op te offerjen om in sikehûs foar in man as 1.000 earne del te skiten. Dêrfoar hawwe wy fierstente folle noed oer molleflinters en wolkeblommen dy’t út noch yn net ferballe wurde meie. Allinnich as der ris in Nederlanner is dy’t echt in baas is yn stikstofôfstjitterij binne wy ree it heale keninklike lân dêr oan te spandearjen. Dêr soene de Sinezen noch gâns fan leare kinne. Ek wat transparânsje en sa oanbelanget.

Sinezen binne gewoan domme minsken (Russen nammers ek). Dat komt benammen om’t se gjin blauwe eagen en ljocht hier hawwe. Yn Fryslân is it wizânsje alles wat net blau en ljocht is oan te sprekken yn it Hollânsk. Dat hat mei rassisme fansels hielendal neat te krijen. En yndied ek net mei Oeigoeren.

Wy binne net rassistysk. Dy inkelde kear dat wy in pear kondukteurs foar in folslein leger mear as kriminele Marokkanen oansjogge komt gewoan om’t Trump ús sommearre hat de brillesoftware út noch yn net oan Sina te leverjen mar foar ússels en benammen foar him te hâlden.

Ik tink dat Sinezen ek hielendal gjin humor hawwe, dêrom set ik hjir mar gjin kartoon del.