Gjin Biltsk by Oes Omroep, Oes Taal. En ek gjin Frysk.

Gjin arbeidsmigranten yn “Groot Terhorne”. Dat is it binende advys fan pleatslik belang Bitgummole en dêrmei it advys fan it hiele doarp. It is net sa dat elk it dêr mei iens is. Sa prate ik lêsten frij lang mei ien fan de buorlju (en dat wie in oaren as dy’t foar Oes Omroep, Oes Taal wie) en dy tinkt der hiel oars oer. Dan binne der dus op syn minst twa buorlju dy’t it net mei pleatslik belang iens binne.

Ik fyn der ek wat fan mar dat is hielendal net relevant want ik wenje net yn Bitgummole. Ha dus ek net by de gearkomsten west. Ik soe werklik net witte wêrom’t in Bitgumer beswier hawwe kinne soe. Jin dêrmei te bemuoien is like dwaas as dat KOZP it libben yn Grou bestjoere wol.

Wêr’t ik al wat fan fine mei is de ferslachjouwing fan Oes Omroep, Oes Taal. De bedoeling fan sjoernalistike ferslachjouwing is dat jo de saken delsette sa’t se binne. Dat docht Oes Omroep, Oes Taal net.

No is Bitgummole fansels ek in hiel ein fan hûs foar Oes Omroep, Oes Taal. Ik tink fan sawat like fier as in loopke Maastricht-Den Helder. En dan witte jo fansels nea wat jo tsjinkomme oft jo wat in behyplike sjoernalistike oplieding hân hawwe.

Yn it stedsje dêrt Oes Omroep, Oes Taal húsmannetl slane se oars wol wakker breed swee mei sawol in saaklik as in artistyk lieder fan Literêre Haadstêd mar wat soks yn de leave frede ynhâld wit nimmen dêr. En dus witte se ek net dat der njonken it Frysk noch oare talen besteane ek al jouwe se miljoenen subsydzje út foar meartalige oanslaggen.

Mar nee, Oes Omroep, Oes Taal brûkt dêr wêr’t it mar heal kin it Hollânsk as fiertaal. Sels as immen dúdlik en fan alle kanten fernimme lit (ek 9-jierrigen) prate de sjogirls triomfantlik yn dat lânsfrjemde taaltsje. Se witte fan gjin ophâlden.

Mar se geane dus fierder as dat. De foarsitter fan pleatslik belang Bitgummole praat Biltsk. En dêr is yn dizze meartailige oarde neat mis mei. Om it Bilt hinne is sels in dialekt dat foarskriuwt dat wy it hawwe oer ‘ik skreaf, ik bleaf, ik treaf’. Dat is dus in dialekt dat it midden hâldt tusken Biltsk en Frysk. Dat hoecht om my gjin offisjeel erkende taal te wurden want dat soe mar wer miljarden kostje dy’t better bestege wurde kinne.

Mar om in Biltkert yn it Hollânsk te sitearjen op in Frysktalige side is net allinnich dwaas mar ek krimineel en hat hielendal neat te krijen mei it werjaan fan de sjoernalistike wierheid.

Ik ha in berjocht nei Oes Omroep, Oes Taal stjoerd. Dat kin ûnder de ‘sjoernalistike’ bydragen. Dit ha ik skreaun: “Hoe krije jim it yn ‘e harsens in Biltskprater yn it Hollânsk op te fieren”.

Gjin reaksje hân. Artikel net oanpast. Oes Omroep, Oes Taal wol hielendal neat fan it Biltsk witte. En ek net fan it Frysk.