Busje komt niet

Wy ha hjir yn it wykein justjes wat in pûsterke hân en it twirret noch hieltyd wat nei. Dat wie net allinnich by ús sa mar nei’t ik begrepen ha yn de hiele provinsje. In net neier te neamen beropsekstremist hie it oer in orkaan. Dat klinkt aardich en liket wol wat op hurricane en alles dat wat nei it Ingelsk útskaait hat gâns ympakt. Dat hat ekstremisme fansels útsoarte.

Yn Ljouwert wie der al in skoalle folslein ûnberikber. Wa’t mei de sitewaasje op ‘e hichte is soe witte kinne dat dy skoalle oer it gersfjildsje fan de Harnzer Strjitwei ôf ek och sa goed te berikken is dat de direkteur wie yn alle steaten dat de bern frij krigen hiene. Der lei net mear as wat prikkeguod op ‘e dyk. Beammen fan kwizekwânsje binne dêr ek hielendal net want dat kin noait oft se net âlder binne as 40 jier. En dat is it gefal. Dy wyk is der noch mar krekt.

Mar ja, ekstremisme. Jo moatte der rekken mei hâlde. Feilichheid foar alles fansels. In skoalle yn Sint Anne advisearre it folk net op ‘e fyts te kommen mar de bus te nimmen. Of de auto. Neffens my meie fierwei de measte bern ûnder de achttjin net autoride. Yn Amearika mei dat al mar dêr meie se ek wapens ha. Dat mei hjir net.

Mei de bus dus want heit en mem moatte beide wurkje, oars is der yn dit lân gjin húshâlding mear troch de tiid te krijen. Mei dy bus komt de echte ûnminsklike kant fan dizze foarm fan ekstremisme foar it ljocht want ik ha efkes wat neisjoen: Oft jo fan Berltsum nei Sint Anne wolle mei de bus dan is dat 72 minuten. Dat is gjin typflater en dus sawat in oere en in kertier. Dat is ryklik lang foar in kilometer as 4. Om in ferliking te meitsjen: rinnende dogge jo der 52 minuten oer.

En dan moatte jo ek noch witte dat dy busline net iens strutsen is. Dêr lykje al plannen foar te wêzen, lies ik op engelum.com. En oft dêr wat op stiet dan is it mienens. Dy strikerij sil ynhâlde dat der yn Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marsum hielendal gjin bussen mear komme. It skynt fierstente tiid te kostjen om troch dy doarpen hinne te riden dat it folk moat dan earst efkes in eintsje kuierje om opstappe te kinnen by de strutsen lijn. Ik wit net wa’t dat betocht hat mar ik woe al graach efkes oanjaan dat wy foarhinne mei ús Frysk hynder en Miedemaweintsje noait in probleem hân hawwe om hokker bocht dan ek mar te nimmen. Oft dat bern fan in jier as 11-12 slagget (want âlder wiene wy net) dan binne dy bussjauffeurs fan hjoeddedei grutte sûgen.

Mar immen moat dizze idioate plannen betocht hawwe en it komt my sa foar dat wy de salafisten dêr fuortendaliks net fan fertinke moatte. It is fansels altyd goed wach te wêzen mar ik tink dochs wier dat wy it mear yn in oare hoeke sykje moatte. De koker om de kammeraatskes Sigrid en Jeanine hinne bygelyks dy’t o sa oar Europeeske oanbestegings binne. It liket my op himsels al frijwat nuver ta dat it op in populaasje fan sa’n 17 miljoen ynwenners mooglik is dat twa kammeraatskes part fan it bestjoer útmeitsje. Dan krije jo al gau ideeën dy’t fan gjin kanten rekken hâlde mei it folk dat hja achte wurde te fertsjintwurdigjen.

Dêr soe ik my mear soargen oer meitsje as oer in pear salafisten. Boppedat soe ik hjir noch wol in pear religieuze streamings neame kinne dy’t net al te frisse ideeën hawwe. Om it mar net te hawwen oer de ynfloed fan sosjale media. It hiele folk is hjir mei ien mûsklik hystearysk te krijen.

No ha wy ynienen wer in grypweach. Elk fansels fuortendaliks nei dokter want dy sil no ek teste op Covid-19. Want der is fansels nimmen mear dy’t him ôffreget hoe’t it ynienen kin dat wy allegearre sa siik as in hûn wurde.

In link lizze mei it feit dat de hiele naasje snein yn swimbroek en bikiny der op ‘e fyts op út sil spilet útsoarte gjin inkelde rol. Want dat moast fan de beropsekstremist. Omdat it hjir net sa faak 16 graden wurdt.