It Deiblêd en de Ljouwerter

It is allegearre wer nijs. Alderprachtichst.

It earste ljipaai te uzes is fûn. Dat soe hast noch mislearje fanwege digitale kluchten mar it is krekt goed kommen. It wie al mear as fjirtjin dagen te let neffens it kompjûtermodel. Dat model hiene se noch net yn ferarbeide dat in ljip as it sa út komt earst ek wetterlossing meitsje moat en dat kin langer of koarter duorje al neigeraden wêr’t de wyn weikomt en hoe straf dy wyn is.

Wy kinne dêr dus oan sjen dat jo werklik hielendal neat mei kompjûtermodellen kinne as it om ditsoarte saken giet. Der is leau ik noch it ien as d’oare dossier dêr’t dat fansels likegoed foar jildt.

It oare nijs is dat der yn Fryslân noch gjin besmettings mei it bekende firus binne. Neffens frou Lammers fan it ien as d’oare oerkoepeljende orgaan dêr’t ik de namme efkes fan kwyt bin komt dat troch de treflike maatregels dy’t Nederlân nommen hat. No wit ik wol dat ik net in soad fierder kommen bin as de legere skoalle mar ik freegje my ôf hokker universitêre opliedings ik allegearre noch mei súkses ôfrûnje moat om dizze baarlike ûnsin te begripen. Der is neffens myn boereferstân nammentlik gjin inkelde Nederlânske maatregel dy’t der foar soarget dat in Fries dy’t fan in oar (in Italiaan bygelyks) oanstutsen wurdt net siik wurde soe. Der binne allinnich minder Friezen as oare Nederlanners en ek minder Friezen as Sjinezen, dus is it statistysk besjoen net mear as logysk. Dat ha wy op de legere skoalle sa leard. Dy flauwekul mei absolute tallen en kaartsjes giet hielendal nearne oer.

Okkerlêsten – doe’t it noch moai waar wie – ha ik my by de Aldi in abonnemint op it Friesch Dagblad oansmarre litten. Thús liezen wy ek altyd beide kranten dat de skiednis werhellet him. It Deiblêd en de Ljouwerter koppypeeste omraak mar hjoed wie der in opmerklik ferskil. It Deiblêd (Arjan Hut) skreaf in hiel artikel yn it Frysk oer it boekewikegeskink. Hoe doare se?!

Nee, dan de Ljouwerter. Sietse de Vries skreaf ek in hiel stik oer it boekewikegeskink. Yn it Hollânsk want dan kin elk it lêze. Dat sil Boeken van Friesland oanstean want dy lieten it folgjende witte: “Wij van Boeken van Friesland zijn druk in de weer Friestalige prozaschrijvers ieder podium te ontnemen. Dat gaat niet heel snel maar lukt wel.”

No ja, it stie der justjes oars mar sa’t ik al sei: in soad fierder as de legere skoalle bin ik net kommen dat Hollânsk lêzen falt net ta foar my.