It firus ferstiet gjin Frysk

Ik ha ferline wike wer in heale jûn prate moatten om in pear lju oan it ferstân te bringen dat it net sa is dat elkenien dy’t in oare kleur hat as standert-lykbleek gjin Frysk ferstean of prate kin. Neffens de petearders is dat in godsûnmooglike saak en sy binne sokken teminsten noch nea tsjinkommen. Pas neidat ik sa foar de fûst wei mear as tsien nammen neamde begûn by ien fan de harkers wat te skimerjen dat se yndied wolris sa’n oarskleurige Frysk praten heard hie. Mar echt leauwe diene se my noch net. En no noch net, gok ik.

Jo soene der moedeleas fan wurde mar dat stadium bin ik al lang foarby. Want sa’t wy allegearre wol witte krije jo spul oft jo dan fêststelle dat der gjin grutter rassisten as Friezen binne. En jo wolle gjin spul, dus sjogge jo de humor der mar fan yn.

Juster wiene de Van Rossems foar de telefyzje. Se hiene yn it Kulturele Hoofdstadje en de Literare Sitty it spul efkes troch it gat sjoen. Ik mien te witten dat se op himsels wol wat in knapeftige oplieding hân hawwe. Oars komme jo ek net samar op ‘e telefyzje fansels. Maarten is histoarikus.

Goffe Jensma hat yn in boekje alris neamd dat foar in soad lju skiednis benammen in saak fan rûne tallen is. Maarten liket fan betinken te wêzen dat lânsgrinzen de sprake, kultuer en oare bysûnderheden fan ien folk oantsjutte. Minderheden hat de heechlearaar dúdlik noch nea fan heard en mochten dy al bestean dan moat er der neat fan ha.

It Frysk dat de mannen yn it hoofdstadje en de sitty tsjinkamen fûnen se dan ek bernich. Dêr ha se fansels folslein gelyk oan want geveltsjefrysk is ek bernich. En in lyts bytsje letterkundich ynstitút en taalmuseum dat wakker breed swee slacht mei bulten toeristen soe de teksten op syn minst yn it Dútsk, Ingelsk en Frânsk fermelde. Ik ha my de bûsen útskuord oer hoe’t de beide mannen fêststelden dat de Friezen harsels mei it Frysk straal foar gek sette.

It is fermaaklik. Wat sis ik? It is alderkostlikst! It yn in pear dagen tiid byinoar kommen fan safolle ûnkunde bringt my yn ekstaze.

Wy meie net mear fûstkje. Der hat in tiid west dat it heale folk breinroer waard doe’t in pear lju dat wegeren. Soene wy as Friezen op de fraach “Hoe giet it?” noch wol anderje meie mei “It koe minder.”?

Nee, dat mei net. De GGD hat fêststeld dat it nije firus dat ús sûnt koart beselsskippet gjin Frysk ferstiet. Wy moatte fan no ôf – dat is dus fuortendaliks – Hollânsk prate. Ek as Friezen ûnderinoar want dat bistje skynt och sa nijsgjirrich te wêzen en oft it frjemde saken tsjinkomt giet it op ûndersyk út en reitsje wy it noait wer kwyt.

Dat is nochris oare taal as dat frou Lammers earjuster hie. Dy ha wy nammers net wer heard dat mooglik hat se de sek krigen. Of is se op Fryske les foar it ûnmooglike gefal dat dat firus it him yn ‘e plasse helle hat om op dy taal oer te gean.

1 thought on “It firus ferstiet gjin Frysk

  1. No Daam, jo haw dochs wol lêzen dat de Omrop “rampestjoerder” wurden is.
    Sy binne tige grutsk.
    Ik fernuverje my dêr oer.
    De Omrop is al tweintich jier in ramp.

Comments are closed.