De kabaretier en syn spikergek folk

“Iedereen zal hier iets van merken” of wurden fan dy strekking brûkte ús mp juster dy’t yn in dei as wat transformearre is fan in folslein mislearre kabaretier nei in noch mear finaal mislearre manager. Dat sil wol in slach tafalle, tinke jo, yn de wittenskip dat jo húsmanje tusken almeast mear as evenredich folk.

Dat is in misfetting, moat ik tajaan. Fan ‘e moarn wie ik om l0.00 oere by de bakker. Dêr is neat frjemds oan, dat doch ik alle wiken. Meast binne der sa’n twa-trije klanten foar my en ek twa-trije nei my. En dat skarrelt sa dan de hiele moarn troch, tink ik. It is in goede bakker, inkeld krije jo fergees margarine en se ha ek fleis yn en op ‘e bôle.

Fan ‘e moarn wie de bakkersfrou finaal fan ’t sintrum. Ik wie de iennichste klant. De oaren hiene allegearre al west, sei se. Dat ik bin bang dat myn evenredige doarpsgenoaten juster nei de parsekonferinsje fan it feestklupke tocht hawwe dat de bakker de ûne fannacht foar it lêst oan hân hat.

Freedtemiddei gean ik om 13.00 oere hinne altyd mei ús mem nei de Aldi. Want dy hellet de bôle dêr. Us mem keapet nammentlik altyd alles wat net sa djoer is en ik keapje alles wat ik ha moat. Dat kombinearret moai want dan kin ik bier en tabak helje. Jo komme dan sawat op deselde priis útl. Om 13.00 oere is it meast net sa drok by de Aldi. Hjoed al.

En gjin bôle mear te bekennen. Dat doe binne wy fan de weromstuit by bakker Wijnsma yn Sint Anne bedarre. Ek dêr net in soad mear te krijen dat ús mem hat no brune bôle. Oars hat se altyd wite. Se wie ek fiif euro mear kwyt as oars. Dat krije jo fansels oft jo ferbeane dingen dogge. Lju fan 84 meie de dyk hielendal net út fan ús regear.

De natoer is nammentlik justjes dwaande mei in soarte fan opromaksje en dat kinne wy hjir net ha. Oft der ris earne in golfke is dêr’t de Waadsee wol in kear as wat yn kin en dêr’t tûzenen minsken yn fersûpe male wy dêr net om. Oft der miljoenen lju fan de honger krepearje yn ekonomysk minder ynteressante gebieten nukt ús dat ek net in soad. In pear sinten nei 555 en klear is Kees.

Mar no komt it ynienen ticht by en geane der samar in pear minsken dea dy’t gjin kanker hawwe, mei in fleantúch nei ûnderen rûgele binne of gewoan op ‘e e-bike omkommen binne. En dat is net bêst.

Want wy ha Sina alderjezust it leksum opsein omdat se werklik alles mar dan ek alles dêr ferkeard dien hawwe. It hiele lytse ferskiltsje dat der is tusken Sina en ús hearre wy nimmen oer. Dat ferskiltsje is it folgjende: yn Sina wie it in nij fenomeen, it kaam folslein ûnferwachts op harren paad dat se koene harren ek nearne op tariede. Hoe oars is dat hjir?

Alles is ûnder kontrôle lake de kabaretier. Dat sil bêst. No leau ik net alles wat der yn it nijs is mar dat echtpear út ‘e Gordyk hat sels de dokterswacht ynskeakele. Mar se hiene fansels boppe wetter komme moatten út it och sa slutende kontaktûndersyk. Hoe lang is dat ek al wer lyn, Mark?

Mark wol oars wol ferskil tusken lannen sjen. Elk lân is oars en Nederlân docht dus wat hjir needsaaklik is. Ik wit net sa goed wat Sineeske bern by it iten krije, mooglik wol modifisearre pekingeinesop. Fan Frânske bern wit ik it wat krekter: dy krije by elk stik stokbôle in glês goede wyn dat jo kinne wol neigean dat dy hiele dagen straalbesopen op skoalle sitte. En dat is foar sa’n fesstfirus fansels in grutte freugde dat soks moat yn Frankryk fansels út wêze.

Yn Fryslân net. Yn Fryslân krije de bern in pear glêzen molke en dêr set dat firus gjin bek op. Fryske bern binne oars en sûner. Dat is sawat itselde ferskil as de útstjit fan gasbellen troch Fryske en Belgyske kij. Dy binne topografysk ek och sa goed ûnderlein.

Ik begryp wol dat it folk sa njonkelytsen sa gek as in doar wurdt. Wylst it yn ferliking mei rampen oer sa goed as hielendal neat giet.

Wat my by de Aldi ek sa ôffoel: der stie nimmen mei griene sjippe by de pinapparaten om dy nei elke klant efkes sekuer te himmeljen. Gjin opdracht krigen fan Mark?

En ik mis de reklamekampanje fan Boeken fan Fryslân. Oft lju it oan tiid hawwe om in boek te lêzen dan is dat no wol want alle (frijwillige) bestjoerders kinne neat oars mear as alles ôflasse. Want oft se al net spikergek binne dan wurde se dat wol ferklearre oft se dat net dogge.