Belskamte

Ik ha lêst fan belskamte. Dat sil ik útlizze.

Yn it foarige bloch haw ik ta myn fernuvering en folslein tsjin alle ferwachtings yn fêststeld dat ek it plattelânsfolk foar gjin meter spoart. No feroarje ik wolris fan miening mar nei de synjalen dy’t my yn it wykein fierder berikten is dat no net it gefal.

Doe’t ik yn desimber werhelmedikaasje ophelle siet dêr in grut brief by foar de assistinte dêr’t yn stie dat dokter mei my prate woe oer de pillen. Dat wie gjin akute saak, oft ik dêr yn it nije jier ris efkes in ôfspraak oer meitsje koe. Jo witte fansels net wat soks ynhâldt, ik ken dy dokter hielendal net want wy ha in nijen, de âlde is der mei opholden. Faaks hat sa’n nij ljocht in reklamefolder fan de pilleboer krigen mei oanbiedings foar nije resepten dy’t faaks gâns mear opsmite, jo witte soks net. Botte hastich mei it meitsjen fan in ôfspraak wie ik dan ek net.

Ofrûne freed moast ik der dochs efkes wêze want de heale famylje dokteret en dat past net altyd dat dan kinne jo de saken wol wat foarinoar waarnimme. Ik ha bygelyks in broer dêr’t se de lea okkerjiers hjir en dêr wat fan opboarre ha en by in oare broer soene se in fjirtjin dagen lyn hast wat saken amputearje om’t dêr yn gjin moannen bloed yn west hie. Dat is al oerbettere, hy hat in tige heechweardich buizestelsel oanlein krigen. Dat hiene se samar klear al wie ien nacht foar de hûn wol lang genôch. It bistje wie och sa bliid dat ik om tsien oere jûns noch efkes kaam mei in hearlike panne earte. It is al wat in aparte hûn, hy bewarre de farske woarst foar it lêst, neffens my dogge de measte hûnen dat krekt oars. Faaks is it in fegetaryske hûn, dat kin.

Mar goed, ik wie dêr freed dus en makke in ôfspraak. Ik sei der noch by dat se op’t heden faaks wol oare drokte hiene as dit perfoarst net akute gefal mar de assistinte sei fleurich-op: tiisdeitemoarn om 8.10 oere. Dat is foar de kofje en dan bin ik yn ‘e regel net op myn bêst mar jo wolle net dwers en ferkeard.

De ûntjouwings geane dizze dagen lykwols wat hurd dat ik seach juster efkes op de webside. Dêr stie mei grutte reade koweletters op dat net-akute ôfspraken ôfsein wurde. Dat ik ferwachte al dat se hjoed belje soene al hoegde dat om my net want ik hie it al lêzen en oft it my sa útkomt ha ik oan twa wurden wol genôch en dy lju ha it drok genôch.

No die fan ‘e moarn bliken dat se juster al belle ha. My net, mar dy broer fan de hûn al. Dat is dus net de broer dêr’t ik freed foar waarnaam. Se ha dêr by de dokter dus in folslein ferkeard dossier oan de ferkearde persoan keppele. Dat is hielendal net wrâldskokkend want ik bin gjin akút gefal mar de baas fan de hûn woe al ha dat ik hjoed belje om har út te lizzen dat se de saak trochinoar mjukse ha.

Ik ha om it healoere belle. Oant 15.00 oere ta. Dokter is ûnberikber. Se ha wol in spoedlijn mar dy belje ik fansels net. Want ik fiel my no al hast like dwaas as al dy oare plattelanners.