Plaats delict

De hannen fol mei fan dy kant-en-kleare mielen. Ik moat der net oan tinke. Sokke mielen sit smaak noch rook oan op ‘e bulten sâlt nei dy’t se der yn ferarbeidzje. Sels bin ik ek gjin sjef-kok mar ik kin it al gau better as dit fabryksfoer. Hiel inkeld – dat hâldt mei ienkear yn it fearnsjier wol op – nim ik it. It moat in nuvere man west ha, fan ‘e moarn by de Poiesz. En dan dat gehamster, it is in griis.

Mar dy man wie ik want wy libje yn bysûndere tiden. Juster wie bygelyks in tige enervearjende dei. Ik wie drok dwaande in list mei mailadressen oan te lizzen mei wa’t ik allegearre lokwinskje soe mei de fantastyske taspraak fan de man dy’t ik earder oantsjutte as in mislearre kabaretier. Alles en elkenien, fan sawat de hiele opposysje oant de folsleine koalysje, fan links oant rjochts, fan ryk oant earm en fan jong oant âld wie út de skroeven en promovearren him akút ta steatsman fan de lêste ieuwen.

Ik diel dy miening net. Ik seach in mantsje dat it smoar yn hie dat er tajaan moast dat er him folslein fergaloppearre hie wat er út noch yn net tajaan woe mar dat ûnder druk al die al sei er dat fansels net. Syn saakkundigen haw ik ek op in pypfol, it RIVM is net iens yn steat in pear hantsjesfol deaden yn de goede leeftydskategory te pleatsen. ‘Een administratieve fout’ neame se dat. In leard frommis fan it Erasmus seit dat wy earms fan oardel meter hawwe, ek sokssawat. Mar goed, ik gun in oar syn wille, dus oer sa’n lokwinskelist gear.

Doe gie de telefoan. In eksterne meiwurker fersocht my och sa freonlik mar wol mei klam om op in ‘plaats delict’ it spul efkes troch it gat te sjen.

Dêr oankommen bespeurde ik in fjouwertsjillich fehikel mei it stjoer yn ‘e midden dat blykber op in wat apartige wize efterlitten wie en de hiemdogge wie slim oerstjoer. Oerstjoere hiemdoggen tsjutte almeast op tige bysûndere en fertochte omstannichheden. Ik seach ek reade stippen.

Ik folge dat spoar en kaam út by fan oarsprong sûkerskjinne en fan dy moaie bûnte skûteldoeken dy’t no lykwols aardich egaal wietread wiene. Dêr wie ek in manspersoan by dêr’t noch wol justjes libben yn siet mar ek wer net safolle dat jo tochten ‘dit kin sa de dûnsflier op’. Fierder waard ik allerhanne stikken fel gewaar dy’t net op it plak sieten dêr’t se hearre te sitten.

Soks krekt efkes yn my opnommen te hawwen like de earste opsje my net om in lape hansaplast te sykjen dêr’t ik yn ‘e regel dochs al net sa handich mei bin. Gelokkich koe ik nei earjuster it telefoannûmer fan dokter noch út ‘e holle al wist ik ek dat dat net berikber wie. Doe haw ik de oanwêzige digitale systemen oanslingere om it spoednûmer op te sykjen want om no daliks in stik as fiif traumahelikopters fia 112 op te roppen gong my ek wer wat te mâl.

De telefoan gong amper oer, der wie daliks kontakt, dat wurke dus treflik. De hjirboppe omskreaune situaasje útlein en wat fragen beäntwurde. Dat moat ik sa bjusterbaarlike dúdlik dien hawwe dat sels de assistinte fan oardiel wie dat it foar’t neist net klear wêze soe mei in pleister en ferbinerij op it ‘plaats delict’ foar dokter net de meast handige opsje wie. Delkomme dus.

En dat is nochal wat yn dizze tiden. Jo moatte net tinke dat jo samar efkes nei dokter kinne. Se ha de doar dêr letterlik op ’t slot. Mar se seagen ús oankommen. Ik mocht der net mei yn, wachtsje op ‘e gong. Dat ha ik net dien, yn ‘e auto sit ek wol in stoel en boppedat meie jo dêr smoke. Dêr ha ik trije kertier sûnder muzyk sitten te wachtsjen, it duorre in ivichheid.

Ik ha begrepen dat dokter dat hiele hoart mei nuddle en tried yn ‘e slach west hat. Ik kin dat fierder net beöardielje want se hat de hiele brot ferburgen ûnder hiele grutte wite lapen.

Hjoed hie it slachtoffer yn ‘e holle om der yn ‘e auto op út. Mar dat ha de eksterne meiwurker en ik ferbean. Sadwaande al dat foer út ‘e Poiesz. Ik bin dus noch hieltyd net gek lykas al it oare plattelânsfolk.

Hearde ik no fan ‘e moarn dat de loft hjir en dêr aardich opskjinne is om’t der amper mear flein wurdt? Ik miende dat dy fleanderij yn it ramt fan de fersmoarging neat om ‘e hakken hie!!! Neffens de saakkundigen.

En dan dy man fan it bevinkje justerjûn. Humberto Tan woe hawwe dat dy neat mar dan ek hielendal neat miende fan wat er sei. Dat bin ik folslein mei him iens. Wat in hark, wat in mispunt.