Jankende balskoppers en jubileums

De oanskerpe maatregels kletse der behoarlik yn. Mar se binne wol nedich want der is no ienkear in espeltsje idioaten dat net om sizzen jaan wol. Hiel frjemd is dat fansels ek wer net want wêrom soene jo ynienen wat fan in premier oannimme dy’t jo al in jier as tsien by fan alles en noch wat foar it lapke hân hat?

It is allegearre wol wat sneu, benammen de termyn dat it duorje moat is frij lang. En dat krekt yn it jier dat der allerhanne jubileums binne. Dêr ha ik mear begrutsjen mei as mei dy bestjoerders fan in pear lokale balskopklups dy’t wakker janke oer in pear bakjes patat dy’t de kantine no net ferkeapje kin. Krekt as soene sy de iennichsten wêze dy’t it treft.

Us brassband bygelyks bestiet fan ’t jier 75 jier. It jubileumfeest fan 4 april wie al skrast (no ja, ferset), de rommelmerk kin no ek oergean. Dy rommelmerk, bêste baltjirgers, betsjut sawat it hiele jierynkommen fan de band. Ik sil it bedrach mar net neame want dan skrikke jim jim dea. Yn juny sille se in iepenloftspul opfiere. Repetearje sil no lykwols wol neat wurde dat ik moat noch sjen oft soks wol trochgean kin.

Us keatsklup hat 125 jier bestien. Ik ha der in bealch fol wurk fan hân om in histoarysk oersjoch wat fatsoenlik op twa kantsjes A4 te krijen. En ek noch yn kleur dus dat hat in fermogen koste. Dat is al wat oars as in priislist foar patat. De Van Aismadagen binne yn augustus dat dat sil mooglik noch wol losrinne mar de hiele saak stiet fansels op ho.

Seure kinne wy allegearre wol, woe ik mar sizze, mar der is echt mear yn de wrâld as dat healwize spul dêr’t 22 man mei ien bal omtyskje.

Takom jier hat de toanielferiening fan Ingelum nammers 100 jier bestien. Wy ha in jubileumkommisje fan 5 man. Dêryn ien mem en dochter, twa broers en in ‘lossen’. Kinne wy dy earste en twadde twa elk as ien telle? Dan kinne de gearkomsten trochgean. Want wy kinne net ha dat de tariedings dêrfoar skea oprinne.

Omdat der spesjaal foar dat jubileum in orizjineel jûnfoljend stik skreaun is. Dat is dus in wrâldprimeur en giet oer aardich wat mear as patat spesjaal. It hat nammentlik as titel ‘Wylde weet en betize dotkommers’.

It soe werklik net bêst wêze as dat net trochgean kin. Omdat ik it skreaun ha. En der wurdt NET yn baltjirge! Der wurdt net iens oer baltjirgjen praat.