Geiten

Goed tweintich jier lyn moat it wêze dat ik de geiten fuort dien ha. Dy kringen brieken hieltyd út. Op himsels wie dat it alderslimste net mar dan moasten de buorlju der efteroan te jachtsjen om’t se it altyd krekt diene as ik net thús wie. Geiten binne mislike bisten om efter in stek te hâlden.

Dêr moast ik al efkes oan tinke no’t se by de âlderein ek mei stekkeboel begjinne. Net om dy âlderein te kearen mar al om har geiten dy’t miene dat alle regels allinnich bedoeld binne om te narjen en se dy goed omsile kinne oft se net oan it tsjoar sitte.

Winkelpersoaniel en oar folk wurdt útskeld en beflybke, klanten wurde delmeand mei pûden potgrûn en Henk Krol set op alle papieren foar de keamerleden in corona-ôfdruk. Jo krije mei sa’n krisis in tige helder byld fan hoe’t dit lân ynelkoar stekt. It moatte foar sjoernalisten kostlike dagen wêze.

Op de fraach fan in sjoernalist hokker Frysk boek wy lêze kinne komt gjin antwurd fan it famke fan de steatsynstelling dy’t mei subsydzje fuorre wurdt om it Frysk yn stân te hâlden. Mar de sjoernalist freget net troch hoe’t dat yn fredesnamme mooglik is. Wylst sjoernalisten dêr oars al foar oansteld binne, miende ik te witten.

Der giet op’t heden gjin oere foarby wêryn’t Oes Omroep, Oes Taal der net mei klam op wiist dat ek alle ynformaasje yn it Hollânsk te lêzen is. Mar Friezen wolle hielendal gjin Hollânsk lêze. Friezen wolle Brabanners hjir net iens yn it sikehûs hawwe want dan is der aanst gjin plak mear foar eigen folk. En eigen folk earst. Dat makket sa’n krisis wol dúdlik. It hûs fol hamsterfretten en as geiten de tiid troch.

Geiten frette nammentlik ek alles. Ik net.

Ik ha begrepen dat wy fan ’t jier sels meitinke meie oer de ynfolling fan 75 jier frijheid. Dat is moai, dan kin dêr op nasjonaal nivo teminsten gjin spul oer komme. Oer it al of net foardragen fan in beskaat gedicht bygelyks.

Mei mear as sljochtweihinne argewaasje seach ik niis hoe’t de sjoernalisten tsjin de help fan de Russen en Sinezen yn Itaalje oansjogge. It soe klearebare propaganda wêze. Want Russen en Sinezen skine freeslike minsken te wêzen, altyd al west ek. En dat sil net feroarje.

us sjoernalisten binne freeslike minsken. In skribint út De Wâlden murk ferline wike op dat de NOS allerhanne bylden sjen liet fan wat mei in Olympyske fakkel dêr’t gjin publyk by mocht en dus ek net wie. Op de Belgyske tv, liet de skribent witte, wiene ek bylden fan datselde. Mei in knoarre publyk en ynterviews.

Myn betrouwen is net hiel grut dat it Nederlânske folk de Russen noch in lyts roltsje yn dy befrijïng taskikke wol. Ik ha ek net it idee dat se der aan fan hawwe hokker rol de Russen ea spile hawwe. En alhielendal net fan wat wy it eastblok de lêste jierren allegearre wol net ûntfytmanne hawwe mei ús Amerikaanske noarmen en wearden.