De rop om it útrûpeljen wer op te nimmen boazet oan

Wy hawwe unanym besletten ús gearkomsten fan 9 en 23 april net trochgean te litten. Yn wat in knappe keamer hiene wy mei 5 man oars skoan in meter as 2 faninoar ôf sitte kinnen mar 5 is mear as 3 en regels binne regels. As wy ús dêr al net oan hâlde dan hoecht de jongerein dat bygelyks ek net. Ja, wy wurde âld en wiis. Dat falt my net ôf fan ússels. En, hoewol unanym, de argumintaasje wie net by elk itselde, ik sil jim de details besparje.

Der wurdt dochs al wakker ferskillend tsjin ien en oar oansjoen. De iene tinkt dat it in straf fan God is, de oare tinkt dat it allinnich lju treft dy’t net al te sûn libje om’t se der gjin twadde hûs op Skylge op neihâlde. Ik bin it mei beide net iens.

Ik leau net sa yn ‘it ein fan de tiden’. De wrâld sil wier net fergean. Wol liket it my net hielendal útsluten dat it minskdom dat God optocht hat net rjocht mear yn dizze foarm troch kin. Ik jou folken as de Inuits noch de measte kâns om oan dat senario te ûntkommen. Dy ha no ienkear wat minder lêst fan de ivige oanstriid ta it grutte útrûpeljen as de feramerikanisearre westerling dy’t earst op ynternet neigean moat hoe’t er in seehûn út de jas helpe moat. En in twadde hûs op Skylge ha se ek gjin ferlet fan, se stampe yn in hantaast in ûnderkommen út de snie dêr’t gjin inkelde Europeeske oanbesteging tsjinoan kinne soe.

Sifers. Wy wurde deaslein mei sifers. Mar wy hawwe hielendal neat oan dy sifers. Nederlân hat neffens ús premier de bêste saakkundigen fan de wrâld. Wat faker er dat seit wat mear ik de yndruk krij dat er saakkundigen út oare lannen grutte ûnbenullen fynt. Nederlân docht it mar poerbêst yn de behearsking fan it tal besmettings. Yn ferliking mei Sina binne hjir mar in hantsjefol. Ofsjoen fan it feit dat ik allerhande húsdokters hear dy’t sizze dat wy hjir smiten deaden ûnder it swilk skoffelje, ried ik ús premier oan ris nei te gean hoefolle ynwenners Sina hat en dan ris in ferhâlding út te rekkenjen. Mei in rekkenmasine made in Taiwan. It binne yn alle gefallen mear as seehûnen yn It Waad. Sûnder sokke berekkenings sizze dy sifers likefolle as dy fan de buieradar.

De krisis liedt ek ta gâns sjovinisme, útsein yn Fryslân. Yn Fryslân giet alles en elkenien, fan de mefrou fan de GGD, de wurdfierder fan it MCL oant de FNP-boargemaster oer op it Hollânsk. Allinnich de kommissaris fan de kening skynt noch foar it snotsje te hawwen dat Friezen ek mar gewoan minsken binne en dus rjocht hawwe op kommunikaasje yn de eigen taal. Op dy lêste nei sille dy oaren dan ek wol planút efter it idee stean om aanst in hiele dei oars net as Hollânsktalige sankjes op radio en televyzje hearre te litten. Ik moat dêr hielendal neat fan ha. Frânsk is bygelyks ek in prachtige taal om te muzisearjen, neat mis mei.

De Spanjaarden en Italjanen binne fan betinken dat wy har skewiele moatte om de ekonomy op poaten te hâlden of te helpen. Dat is moai oft se ús dan ek mar byspringe yn de iene nei de oare horrorwinter as wy de stookkosten amper noch opbringe kinne. Mar it liket my noch mear eigenskip te hawwen dat de Spanjaarden en Italjanen mar ek wy in moaie bak jild skowe nei lannen dy’t wat minder ekonomysk aktyf binne en dat firus dus net fan it iene nei it oare plak jage hawwe. Dy minsken kinne der nammentlik echt neat oan dwaan dat de westerlingen (mar ek de bobo’s fan Sina en Ruslân) fan útrûpeljen oanelkoar hingje.

En de term ‘helden fan de soarch’ hinget my sa njonkelytsen de strôt ek út. Krekt as soene dy yn oare tiden hiele dagen rinne te lanterfanterjen. Grutter mislediging is amper yn te tinken.