Oan de app

Wy sille oan de app. Hoe en wat is noch net krekt bekend. Rûchwei binne der twa mooglikheden: frijwillich ferplicht of ferplicht frijwillich. Op dit stuit binne de saakkundigen drok dwaande om in polityk korrekte formulearring te betinken dy’t beide streamings byinoar swylje.

Ik begjin efkes by it einpunt, dat is yn dit gefal fierwei it maklikst: oft jo de app aanst net by jo hawwe of by fersin mei de auto oer de telefoan hinne riden binne sadat dat ding folslein rampoai is dan giet de winkeldoar net foar jo iepen. Dêr hawwe jo hielendal frijwillich foar keazen want jo kinne dy app gewoan meinimme en jo kinne josels it autoriden ek goed oanleare litte.

Gjin boadskippen dus. Dat is gjin ynbrek op it priveelibben, dat is in eigen kar. Datselde jildt nammers foar teater- en tsjerkebesyk. Amen.

It is ek net sa dat de app jo allegeduerigen yn ‘e gaten hâldt. Want de app sil mei bluetooth wurkje. En bluetooth is net mear as in digitaal fjildsje fan op syn heechst in meter as fiif om jo hinne, by foarkar net ûnderbrutsen troch muorren. Jo hoege der dus daliks net benaud foar te wêzen dat de húsgenoaten te witten komme oft jo skite of mige op it húske, of beide. It is yn dit lân no ienkear gjin wizânsje meiïnoar op it húske te sitten en dat soe, sil bluetooth syn wurk goed dwaan, al moatte.

Gjin noed oer priveesaken dus.

Jo moatte de app earst al downloade en dat giet fia de satellyt. Dy satellyt kin wol sjen wêr’t jo op dat stuit úthingje mar dat sil dy satellyt net trochjaan oan de buorlju. Dat hat dy satellyt tasein. Wol sil de satellyt goed ûnthâlde dat jo de app ophelle hawwe en ek altyd en rûnom foar jo berikber bliuwe om’t it sa wêze kin dat jo de app opdracht jaan wolle in oare ferskiningsfoarm oan te nimmen: jo binne dan sa siik as in hûn. Dat wit de satellyt dan mar dy set dat net yn de krante.

No komt jo telefoan in oare telefoan tsjin dy’t ek frijwat bluetooterich oanlein is. Mar om’t dy telefoan, krekt as jowes, och sa hoflik opbrocht is, freget dy earst kreas oan de satellyt oft der tafallich ek in telefoan mei in krupsje yn de buert is. De satellyt, betrouber as de bank, seit dêr allinnich ‘ja’ of ‘nee’ op, hy prakkesearret der net oer om adresseboel, nammen en lokaasjebrot troch te krantsjen. Dat lêste hoecht nammers ek net want jo witte sels wol wêr’t jo binne.

‘Ja’ seit de satellyt, ‘hjir strúnt immen om dy’t al sa goed as dea is’. ‘Hat er dat sels net tsjin jim sein?” soe de satellyt noch sizze, mar hy hold him krekt op ‘e tiid yn. Akút streame de supermerken, de konsertsealen, de sportfjilden en de tsjerken leech.

Wat is no de tafoege wearde fan de app? Jo witte ommers sels al dat jo siik binne en dus meie jo de doar hielendal net út.

Ja, jo kinne al foar’t der symptoamen wiene besmetlik west hawwe (dêr binne de saakkundigen suver krekt efter kommen). Mar dan binne jo op it stuit dat dúdlik wurdt dat jo siik binne hielendal net mear yn de buert fan al dy telefoanen mei bluetooth. As dy telefoanen dan ynljochte wurde moatte dan kin dat dus net fia bluetooth mar moat de satellyt sels wat betinke. En dan moat dy satellyt dus ek allegeduerigen byhâlde wêr’t jo hoe lang en mei wa úthingje en úthongen hawwe.

Meitsje bluetooth en de satellyt ek wolris flaters?

Nee. Kompjûters meitsje gjin flaters, it binne betreklik slim ûnnoazele apparaten, se witte allinnich it ferskil tusken ‘wier’ en ‘net wier’. Minsken dy’t kompjûters fuorje meitsje flaters. In hiel soad. Unbewust mar noch faker bewust.

Der komt gjin app op myn telefoan. Ik set de bleek wol fol Bildtstar. En yn tsjerke kaam ik dochs al net mear.