Eelke Lok, Douwe Gerlof Heeringa, Piter Boersma en dokter Gor

Kollum fan Eelke Lok op Oes Omroep, Oes Taal. Stik yn it Frysk Deiblêd fan Douwe Gerlof Heeringa. Redaksjoneel fan Piter Boersma op Ensfh.

Ik ha se lêzen en bin ta de konklúzje kommen dat se allegearre deselde kant út wize. Dus, wat sil ik der fierder noch fan sizze oars as wat ik al jierren sis?

Ol ja, dokter Gor is op ’t heden wakker foar de telefyzje. Ik ken dokter Gor in hiel lyts bytsje. It tige spontane en lange petear fan sawat fjouwer oeren dat ik mei him hie wie leau ik sawat de lêste kear dat ik hielendal frijwillich Hollânsk prate. Dokter Gor koe doe noch mar amper Hollânsk mar hy hat de frijheid om him dat goed eigen te meitsjen treflik brûkt. En dokter Gor wit tink ik ek in stik better as hokker nei-oarlochske Nederlanner ek wat frijheid betsjut.

As dokter Gor boppeneamde stikken lêze soe, wit ik net wat er sizze soe. Mar ik tink sokssawat as ‘Gevaarlijk’.