Koronaneiswilers

No’t it kabinet oanjûn hat dat it mear as fertroud is dat de skoallen wer iepen geane wurdt it folk wat oerdwealsk. De kompliminten fan de premier binne tige tankber yn ûntfangst nommen, it jongfolk tusken de 12 en 18 mei ek wer sporte, dat hat de freugde noch krekt wat grutter makke.De konklúzje is dat alles no wer mei.

Wy sjogge dan ek it iene nei it oare berjocht mei plaatsjes derby fan kloften folk dat op skoalle net it aldermeaste meikrigen hat fan it desimale stelsel. Dat hoecht fansels ek net perfoarst as jo mar witte dat oardel meter sawat itselde is as twa doarren. En no’t it hiele lân oan it ferbouwen en opromjen slein is, soene jo hast tinke dat dat wol sa wêze sil mar neat is minder wier.

Der binne fansels ek wol guon dy’t middenmank dit drama kânsen sjogge. Sadwaande is der al in hiele nije beropsgroep ûntstien. It hat nammentlik bliken dien dat der in hiele generaasje opgroeit dy’t aanst mei in trauma tangele sit om’t se in fearnsjier net leare kinnen hawwe op de wize sa’t se altyd wend west hawwe. Dat liket sa’n gigantyske ympakt te krijen dat se dêr noch lêst fan hawwe as se aanst tsjin de hûndert rinne. It is moai dat dêr no al sa’n omtinken foar is, oars koe it ek noch wolris sa komme dat it allegearre kriminelen wurde en dat moatte wy net ha. Ik wit net oft de al in namme foar dat nije berop is mar ik stel út: Koronaneiswilers.

Bedriuwen krije ek wakker stipe. Ik ken net al dy bedriuwen by namme mar twa dêrfan binne wakker yn it nijs. As ik it goed begrepen ha fertsjintwurdigje dy sawat 99,99% fan de Nederlânske ekonomy. It binne KLM en booking.com. Oft sokken omnukke dan nukt it hiele lân om en dan bedarje wy allegearre yn de nederklits. It tredde bedriuw dat my bekend is, hear ik net folle fan. Dat is it doarpshûs fan Ingelum. Der binne tink ik wol mear doarpshuzen yn Nederlân mar dat wit ik allegearre net. Oft it doarpshûs fan Ingelum omnukt dan nukt de toanielferiening ek om. En de soos. En it biljerten. En it keatsen. En it koar. En it jeugdwurk. Oft it doarpshûs fan Ingelum omnukt dan nukt 99,99% fan Ingelum om. Dat is allegearre hiel goed oer te sjen. By KLM en booking.com ha ik dat in stik minder.

Ferdinand de Jong skreaf fan ‘e wike earne dat nimmen wit hoefolle 540 miljard is. Dêr hat er gelyk oan. En hy skreaf ek dat in grut part (dat wie in flaterke fan him, moat wêze: “it grutste part”) op it ferkearde plak komt. Hat er ek gelyk oan. It bedrach is ûnderwilens as ik alle berjochten goed folge haw oanwaakst ta mear as 2.540 miljard. Ik soe graach witte wolle hoefolle dêrfan ornearre is foar it doarpshûs fan Ingelum.

Mar dat sille wy wol net oan de weet komme alhoewol’t Rutte sein hat dat er earst witte wol wat nedich is foardat besjoen wurdt om hokker bedrach it giet. Dêr heart it doarpshûs fan Ingelum dan dus ek by. Ik sil it bestjoer oan dat se in bryfke skriuwe moatte.

Dat sil fan wol nei de Europeeske minister fan jildbrot moatte. Dy is der noch net mar dy komt der fansels al want Rutte wol kontrôle hâlde. En sa’n minister kin fansels net sûnder presidint dat dan moat der ek in Europeeske presidint komme. En in presidint en in minister moatte in regear hawwe. Dan komt der dus in Europeesk regear. En dat Europeeske regear sil dan sizze dat it doarpshûs fan Ingelum belesting betelje moat om’t in Italjaan no ienkear mear rjochten hat as in Ethiopiër. En omdat se yn Itaalje gjin trekkeralvestêdetocht hawwe en it dus de skuld fan de Ingelumers sels is dat se in doarpshûs hawwe.

Mar dat is allegearre lange termyn tinken. Op koarte termyn tinkt allinnich de balskopperij dat it libben wer normaal wurde sil. Dêrom sille se mei harren allen nei de rjochter sadat de kompetysje fan’t hjerst wer gewoan los kin. Tinke de ûnnoazelsma’s.

Oft dat sa is dan stappe alle Ingelumers aanst ek nei de rjochter. Want rekkenje der mar op dat it doarpshûs fan Ingelum net foar 1 jannewaris iepen mei sa’t it altyd iepen wie. Der kinne mar krekt oardel man en in hynstekop yn dat it slagget noait om dêr twa doarren tusken te krijen. En dat sil yn in stadion mei yn trochsneed net de aldersnoadste besikers al slagje?