It nije himelfarren: looking for a star

Der is ús bybrocht dat jo ûnder iten de fuotten ûnder de tafel hâlde. Faaks is soks op oare plakken oars; wy ite bygelyks ek út in panne wylst se it yn de wâlden altyd oer in board hawwe. Mar as it my net mist is dat mei dy fuotten in frij algemien gebrûk.

As jo dat skonke-ark ûnder de tafel hawwe dan kinne jo mei it haffelgat sawat leadrjocht boppe de panne komme dat dan grieme jo net al tefolle. Ik tink dat dat de reden fan dat fenomeen is. Rûchwei nimme jo dan sawat 20 sintimeter fan de tafelsrâne yn. As jo dan oardel meter fan dejinge ôf sitte sille dy’t rjocht foar jo oer sit dan moat dy tafel dus 150+20+20=190sm wêze.

Mar… binne jo mei syn fjouweren dan sit der skean foar jo oer ek immen en dy diagonaal is koarter. Ik ha útrekkene dat de tafel op it koartste stik 230 sm wêze moat om oer alle boegen oan Rutte syn eask foldwaan te kinnen. Ik wit net wêr’t jo sokke tafels krije kinne, faaks by de lokale timmerman wol. Lokaal is hip, ha ik begrepen.

It nije normaal wurdt dus dat in wyldlfrjemde kapper jo sûnder hokker probleem dan ek in kertier lang fan alle einen en kanten behymje kin wylst jo mei freonen dêr’t jo alles fan witte elkoar fan de bealch bliuwe moatte. Op himsels is dat net hiel slim want de suggestje dat wy hjir oars neat dogge as elk dy’t jo tsjinkomme hiele dagen oan steane en sitte te krûpen is neffens my frijwat oerdreaun.

De ober is nammers ek frijsteld fan de oardel meter mar dy krijt der al in taak by. Ik nim oan dat se al oan it skoaltsjeboartsjen binne want it is oan him of har om de beöardieljen oft it medysk wol ferantwurde is de klanten te geriven. En sa’n klant kin fansels fan alles en noch wat mei wêze. Stel dat dy klant eni de fraach ‘Wannear hiene jo foar’t lêst lichte ferheging?” read oanrint dan sil der dochs trochfrege wurde moatte. Want sa’n klant seit fansels net út himsels dat er krekt mei de date yn de boaskjes lein hat wylst sa’n reade harsens út noch yn net doocht en slim fertocht is. Dat der sille frijwat tûke obers oer gear moatte dy’t net allinnich nei harsels tarekkenje kinne mar ek in folsleine oplieding filosofy en psychology ôfrûne hawwe.

It is noch in gelok foar harren dat omke Buma en boike Mark sein hawwe dat se net fan doel binne om te hanthavenjen mar útgean wolle fan it sûne ferstân.

Dat is alderprachtichst. Myn sûne ferstân seit foaral dat de bretaalsten de heale wrâld hawwe en dat de gemeenten gjin fergunning ôfjaan sille oan frijwilligers/bestjoerders om wat yn in doarpshûs te organisearjen dat wat om ‘e hakken hat.

Wy sille sjen. Tongersdei earst mar ris mei syn santjinmiljoenen te himelfarren. Mar dat diene de Friezen dochs al. Se neame dat ‘Looking for a star’. Wol Mark dat efkes oan Boris en Donald trochjaan? Macron hoecht it net te witten. En Arno ek net.