Poetsgirls of dochs himelfamkes?

It kontrast wie earjuster frij grut. Fan de iene kant sjogge jo allerhanne berjochten dy’t der op wize dat it folk folslein útlocked is, fan de oare kant krije jo tynge dat reunys en konserten yn septimber net troch gean kinne. Ien fan beide partijen moat net rjocht goed by de holle wêze want se kinne net allegearre gelyk hawwe. Ik ha der sa njonkelytsen in alderferskuorrendst soad argewaasje fan.

En dan sitte wy ek noch mei de taal. It Frysk lient him hielendal net foar krisissitewaasjes lykas dizze. It Frysk is fan oarsprong bedoeld foar it bûthús, it oanrjocht en it bêd. Dêr ha jo dus net in soad oan want it jongfolk wit net iens wat in tjems is en oft jo sizze dat de ierdappels it lân hast yn hawwe dan tinke se dat dy de kuierlatten nommen hawwe of sa.

Botte fier komme jo mei it Frysk ek net. Oft jo by ús wei it he-, se- en me-gea troch binne dan is it al ho en binne jo folslein ûnfersteanber. Mei it Hollânsk is dat hiel oars, dan kinne jo wol oan Emmen ta. En oft jo ienkear yn Emmen binne dan binne jo ek hast yn Ruslân. Dat is nochal in ferskil. De oare kant út jildt wakker itselde. Ik ha alris in deimannich yn Gulpen yn in pensjon sitten, wy koene Súd-Afrika dêr sawat beëagje. Se prate dêr ek suver wat Súd-Afrikaansk as it my goed heucht mar dat is wol Hollânsk fansels. Mei Hollânsk kinne jo de hiele wrâld oer, it is merakels. En it is ek ferhipte maklik te learen. Op skoalle bygelyks, of út ‘e krante.

Mei it Frysk is dat net sa en it Frysk is ek in tige drege taal. De iene bedoeld mei in beantsje bygelyks de famylje fan de perfekten wylst in oar it dan eins oer dûbele wite hat. En op guon plakken sizze se skommel tsjin in touter. Goed besjoen is der gjin tou oan fêst te knoopjen. En dan no mei dy krisis.

Sjoch, wy wolle fansels net rûnom Ingelsk fan meitsje want dan hiene wy dy winkelkarrehimmmelfamkes wol poetsgirls neame kinnen mar dat wolle wy fansels net. Dêrom hiene se it by Oes Omroep, Oes Taal earjuster de hiele dei ek oer himmelfeartsdei. En Oes Omroep, Oes Taal is dochs his masters voice fan it tige drege Frysk dat oft dy sizze dat it himmelfeartsdei is dan is dat sa. Jo wolle as Fries no ienkear it leafst al yn de hemel komme dat dêr geane jo dan net tsjin yn. Seker net yn krisistiid. Dan jouwe jo gewoan fan boven oant afke om sizzen. Jaseker.

Mondkapje. Ek sa’n wurd. As boeretaal hat it Frysk hielendal net in fatsoenlike wjergader foar mondkapje. Net iens foar mond. It is gewoan behelpen mei dat wrede boerefrysk. Jo komme eins net fierder as ‘Ik hou dy foar de bek’ en ‘Hâld dy de freet’. Mar wat moat mondkapje dan wurde? Bekôfbiner? Freetseiltsje? It is in drama. Jaseker.

En dan dat kapje. Op himsels ha wy it wurd kapje wol mar dat ken ik benammen yn de betsjutting fan poatbekapje. Ek al wer sa wreed. En dus hâlde se it by Oes Omroep, Oes Taal mar gewoan op mondkapje. De krisis is al wreed genôch, dêr wolle jo as bedriuw dat fan alle Fryskens is gjin fierdere ûnnedige skea yn oanbringe fansels.

Poatbekapje soe nammers om in oare reden ek al ferbean wurde moatte. Bisten hawwe gjin poaten. Yn it âlde wrede boerefrysk faaks wol mar net yn it Frysk dat se yn Sina en Peru ek ferstean kinne. Yn dat Frysk hawwe bisten foeten. Of fûten. Voetten mei ek. Sels fôéten kin der wol mei troch. En yn it aldermâlste gefal steane wy futten ta. Mar dat is allinnich yn de Súdwesthoeke.

Ik fyn it machtich. Wat mear dialekten wat better. By Dokkum om ha se it leau ik oer buosse yn stee fan oer bûse. En yn dyselde Súdwesthoeke ek oer koaitsjen of kôkjen dêr’t wy it oer itensieden hawwe. Neat mis mei, it wurde wier net ynienen ûnfersteanbere Sinezen.

Mar it Frysk is net maklik. En slim betiizjend.

Wêrom? Omdat Oes Omroep, Oes Taal skriuwt dat it standertfrysk foar fuotten, fuorten wêze moat. Sjoch, dan kinne jo wol legers Russyske, Súd-Afrikaanske en Sineeske poetsgirls optrommelje mar dêr is foar sokken net tsjinoan te himeljen. En dan komme se mei it Frysk noait fierder as oardel meter.