Famke Femke

It wie juster in kostlike dei. Moai waar en myn persoanlike lockdown opheft. Oft jo al in kear as wat sa’n lockdown meimakke hawwe dan witte jo sawat wat jo te wachtsjen stiet. It giet yn fazen.

Earst tinke jo ‘it begjint wer’. Dêr is op himsels goed mei te libjen. Dan komt der in faze dat jo hjir en dêr stuollen delsette moatte sadat jo stipe sykje kinne foar bygelyks de reis fan de koken nei it húske. De auto moai ticht by de efterdoar, oft it droech en skjin is kinne jo dêr op sokken noch goed yn komme. Jo sitte dan dus al yn de faze dat de klompen net mear passe. Op it hichtepunt fan de lockdown slagget it ôfhinklik fan om hokker skonk it giet net mear de keppeling of it gaspedaal en rem yn te traapjen. Dan binne jo oan hûs bûn. Soks duorret meast in dei as trije, dêrnei wurdt it wer better.

Juster wie it safier dat ik noch net rûn as in ljip mar mysels wol yn steat achte de hage te knippen en dat gie ek allegearre foar wûnder. Allinnich wurde jo op ’t lêst sa entûsjast – omdat jo ek al hast klear binne – dat jo it netsnoer meiknippe. Doe ha ik mar efkes nei de Welkoop west, dy binne sawat 24-7 iepen, sa noflik as wat.

Buorman hie oars ek wol in snoer en dy wie al moai oan it harkjen. Buorfrou kaam der ek efkes by. Ik wit net oft wy wol oardel meter fan elkoar ôf stiene, mar ik tink fan net. Buorfrou stiet foar de klasse en dy wit hiel goed wat oardel meter is. Se hat fandatoangeande nochal wat attributen fan de baas krigen om dy nije wetten mei goed fatsoen útfiere te kinnen. Under oare in stôk fan dy lingte en noch wat mear as ûnnoazele saken. As it my goed heucht hat se sein dat se dy brot yn in hoeke flikkere hat. Folslein ûnwurkber.

Ik ha mysels de ôfrûne moannen ek net echt oan dy oardel meter holden want ik hie ús mem fan 85 alle wiken yn ‘e auto. No kin der in soad yn myn auto, mar oardel meter ôfstân hâlde kin net. Dat kin yn de supermerk nammers ek net want dêr is gjin ienrjochtingsferkear en dy winkelbazen ha it pân grôtfol meast ûnnedige saken nukt dêr’t ek elk noch oan om sit te klauwen dat dy gongpaden binne sa ferrekte nau dat jo wrotten hawwe byinoar del te kommen sûnder dat dy karren elkoar reitsje.

Mar goed. Oardel meter. Der binne al helptsjinsten dy’t oanjûn hawwe net mear te beäzemjen dat mochten jo ris yn de omstannichheid komme dat jo ien op in skûtmobyl de feart yn riden sjogge: moai lizze litte, se fersûpe lang om let wol en dat beäzemjen sit der net mear yn, dus besparje jo sels dy kâlde drokte. In mooglike rêding soe ek hielendal net kinne want dan moatte jo sa’nent by de bealch pakke en dat kin net op oardel meter ôfstân. Oardel meter is oardel meter, punt út.

Famke Femke sjocht dêr oars tsjin oan. No moat ik earlik sizze dat ik famke Femke net echt lije mei want se is krekt as har grutte foargonger Paul R. lid wurden fan it ynklauwersgilde en sokken moat ik net.

Famke Femke brûkt frjemde arguminten om har hanneljen by de demonstraasje fan juster goed te praten. It wie har nammentlik oer it mad kommen. Dat liket my ferrekte nuver ta. Ik wit wol dat wy yn Bitgum gjin BOA’s hawwe mar dat dat yn Amsterdam ek sa wêze soe wol my net oan. En sokken sille dochs op syn minst wol in mobyl hawwe dêr’t se wat folk mei skilje kinne dy’t wat regelje kinne. Neffens famke Femke binne de plysjes dêr gjin digybeten. Dêr liket it oars wol hiel bot op, famke Femke. En dat is yn sa’n grutte stêd no net daliks hiel handich te neamen. Ek sei famke Femke dat it in tige wichtige demonstraasje wie. Dat is ûnsin, it is net oan famke Femke om út te meitsjen dat in demonstraasje foar mear bewegingsfrijheid fan goudfisken al of net wichtiger is as hokker oare demonstraasje ek.

Mar der wiene lies ik yn ‘e krante wol mear plakken dêr’t it fierstente drok wie sadat de BOA’s net folle oars koene as der nei sjen. Se ha ek gjin wapenreau. Dat moat ek net want foar’t wy der erch yn hawwe moat de bussjauffeur sok ark aanst ek ha.

Wy yn de polder binne ek net sa fan it yngripen. As der ris in stâl beset wurdt dan litte wy dat moai gewurde. ‘Besette’ is in tige fatsoenlik wurd, mar yn feite is it gewoan ynbraak en húsfredebrek. Dan stjoere wy dêr in plysjeman op ôf om der op ta te sjen dat de ynbrekkers net al te bot mishannele wurde sille. In pear pelotons ME op de ynbrekkers ôfstjoere soe yn myn eagen mear eigenskip hawwe, mar dat dogge wy net.

Wy slingerje trekkersjauffeurs dy’t op de sneldyk omspane ek net op ‘e bon want wy meitsje it folk wiis dat dat net kin om’t in trekker gjin kenteken hat. Mar dat hat in fyts ek net en de berider dêrfan moat him legitimearje kinne wêr’t er ek is. Dat jildt ek foar boeren. Mar wy litte it moai gewurde, it soe eskalearje kinne en boereprotesten binne wichtiger as dy foar goudfisken.

Sa besjoen hat famke Femke wol in punt.

Mar it grutste euvel juster wie it stânpunt fan ús kabinet. Dat kabinet wit as de bliksem wol dat it hoarekaprotokol streekrjocht tsjin de oardel metermaatregel yn giet. Likegoed stie it kabinet ta dat de hoareka juster wer iepen gie. No kinne dy kabinetsleden wol begjinne te janken dat it op de Dam folslein út de klau rûn mar sels ha se dus oars neat dien as te stimulearjen dat it folk har net oan de regels hâldt.

Of it soe wêze moatte dat ik allerhanne bylden sjoen haw fan manlike selskippen dy’t it blykber allegearre meiïnoar dogge wylst polygamy yn dit lân oer alle boegen strang ferbean is. De tallen wiene oer it lân ferspraat tink ik wol sa grut dat dy meiïnoar ûnmooglik op de Dam terjochte kinne soene.

Underwilens meie wy noch net repetearje mei toaniel. Datselde jildt foar it korps. Of eins koartsein: it hiele doarp leit plat. Al lang en sa’t it no liket duorret dat ek noch in hiel hoart.

It is sa njonkelytsen in beskamsume fertoaning. En dat jildt perfoarst net allinnich foar famke Femke. Mar seker ek foar al dy yllegale demonstraasjes op terrassen. Wa’t dêr oan meidocht of dat goedpraat moat him de bek hâlde te janken oer in pear lju op de Dam.