Wij hebben zij toen gevraagd

Underwilens is dúdlik wurden dat myn ynskatting dat der yn Amsterdam dochs wol wat BOA’s mei in mobyl wiene de goede wie. Dat ha se teminsten sels op telefyzje ferklearre en ik kin gjin reden betinke wêrom’t se dêr oer lige soene.

Famke Femke har trijehoeksmaat seit lykwols dat de radar net alles oppikt hat. Mar dy BOA’s binne de radar. Dat hy en famke Femke de radar net oan hiene is in hiel oar ferhaal. En dat Grapperhaus der yn om stiet te ligen is ek in oar ferhaal. Want dy sei yn earste ynstânsje wol deeglik ‘Geheel met je eens’. Dat stiet teminsten op myn radar en dy stiet altyd oan.

Dêr kaam juster ek in mefrou fan it RIVM op foarby. Se ha ûndersyk dien. Dat dogge se wol faker. Se ha ek alris witte litte dat minsken oaren net oanstekke as se gjin sykteferskynsels hawwe. Dat blykte net wier te wêzen. No ha se ûndersocht wat de rol fan bern yn de oanstekkerij is. Ik ha dat hiele ûndersyksrapport fansels net lêzen want dêr binne jo al gau in fearnsjier mei dwaande. Mar de mefrou hat wol goed koart, dúdlik en helder útlein wat de wurkwize fan it RIVM is: “Wij hebben zij toen gevraagd”.

Ik wit net krekt wat se fierder allegearre noch sei dus dat is in bytsje spekulearjen mar ik tink eat fan: “Hunnie zegden toen”. Wol wit ik noch in pear opmerklike resultaten út it ûndersyk. It hat nammentlik bliken dien dat it benammen folwoeksenen fan sawat deselde leeftyd binne dy’t elkoar oanstekke as wy nei de gearstalling fan de húshâldings sjogge. Ik ha der efkes fiif minuten foar útlutsen om dêr in mooglike ferklearring foar te betinken want om dêr no in healjier op om te sobjen giet my fierstente mâl.

It soe bygelyks wêze kinne dat der net in hiel soad folwoeksenen fan in jier as achttjin binne dy’t skoalgeande bern hawwe. It soe ek goed kinne dat der mar in ferhipt lyts bytsje 45-plussende heiten en memmen yn dy húshâldings foarkomme. En omdat der wol 54 húshâldings op it harspit nommen binne is it ek mooglik dat der gjin inkelde 80-jierrige heit yn foarkaam. Sadwaande krimpt it leeftydsbestek frijwat en komme jo der mooglik wol op út dat it meast giet om folwoeksenen fan sawat deselde leeftyd. Lit it ús in bytsje rom nimme: tusken de 25 en 45 jier. Dat is in range fan 20 jier en dus binne se dan sawat like âld want de ferwachting is dat wy yn de takomst yn trochsneed âlder as 100 wurde.

Ut it ûndersyk hat bliken dien dat dy âlden de bern oanstutsen hawwe en net oarsom. Dat is in goed teken want dat betsjut dat dy bern fan in jier as tsien net te karnavalfieren meie krekt sa’t se hjir by ús net te merkefieren meie. Ek skynt it yn de súdlike kontreien gjin wizânsje te wêzen dat dy bern nachts by heit en mem yn bêd lizze as dy yn ‘e loarem binne. Dat is hjir by ús ek sa.

Wol is it sa dat se yn Brabântske omkriten sizze ‘Aan gene zijde’ wylst wy it dan earder hawwe oer ‘Aan de andere kant’. Mar ek yn Brabân sizze se net “Wij hebben zij toen gevraagd”. Undersyk oerdwaan dus, mefrou fan de RIVM, it is in flutûndersyk.

Us premier – boike Mark – wie der ek wer foar. Ferline wike sei er dat wy de fakânsje útstelle moasten mar dat is oerbettere. Wy kinne der wer op út. En wy kinne sa goed as rûnom hinne. Oaren meie hjir ek komme. Op in pear nei. Sweden bygelyks. Dat betsjut dus dat wy grinskontrôles krije want oars witte jo net wa’t wa is. No haw ik sels alris op ‘e fyts nei Sweden west en dat wie noch yn de tiid dat der noch gjin euro’s wiene en ek gjin iepen grinzen dat ik woe al graach efkes tsjin boike Mark sizze dat der grinsoergongen binne dêr’t gjin slachbeammen foar steane, gjin amtners en ek net iens buordsjes ‘Willkommen in Deutschland’. By Nijeskâns it paadsje deun efter de kamping folgje Mark, dat is yn Grinslân.

Ik soe dus daliks net útslute wolle dat hjir dochs in Sweed komt. En oft dy hjir is dan tink ik net dat dy syn telefoannûmer en sa efter lit by de bakker, de slachter en de kanoferhierder. Ik wit net oft dy Sweed it hjir och sa noflik fine sil want sa’t it no liket kin er hjir net skite en mige oars as op plakken dêr’t dat net tastien is.

Der binne minsken dy’t de hope útsprutsen hawwe dat in gefolch fan de krisis is dat it libjen justjes oars ynrjochte wurde sil. Dat is falske hope. Fleantugen sille meikoarten wer foltroppe wurde mei mislike, swakke en sike lju dy’t dat sels noch net witte en dus foar mear as sûn oansjoen wurde. Mar ik moat by de bakker oardel meter by myn doarpsgenoat weibliuwe ek al wit ik dat dy man hielendal neat mankearret.

En ik mei yn it doarpshûs net njonken de regisseur sitte om wat saken troch te nimmen. Ik ha hjoed dan ek berjocht krigen dat it jubileumstik fan takom jier net troch giet. Der kin net repetearre wurde. Dêrmei is ek de opsje om yn de maitiid bûten wat te dwaan fan tafel.

Dêr helpt in fersoepeling fan gearsitten nei 100 man net oan. Der binne op de doarpen sa goed as gjin akkommodaasjes dy’t safolle minsken mei de oardel meterdissipline bergje kinne. Dat is dus hielendal gjin fersoepeling. It is dom praat, mear net.

Wêr’t ik no op wachtsje? Op it boadskip dat it krystkonsert fan ús brassband mei it Martini-jongeskoar cancele wurdt.

En op it momint dat ik boike Mark tsjin de harsens slaan kin mei syn ivige laits. It falsk sekreet dat alles tastiet wat neffens eigen sizzen net tastien is mar de pleatslike kultuer folslein lam leit. En dat ek gjin bliksem skele kin.

Ik bin der hielendal klear mei.