De profeet Orlando

De Drachtster profeet Orlando lit wer fan him hearre. Hy hat de bibel fannijs bestudearre en oft jo dy goed ynterpretearje fan Genesis oant en mei Iepenbieringen dan kinne jo ta gjin oare konklúzje komme as dat Jezus diskant hast wer útkomt. Krekte datum en oere is net bekend mar yn alle gefallen foar 2032.

Oft er wat risselwaasje makket dan kin er de alvestêdetocht noch moai in kear meiride want dy komt neffens de profesije fan Paulusma binnen de 7 jier. Dat sil Orlando goed dwaan.

Ik wit net krekt hoe’t Orlando de bibel bestudearre hat mar it liket my frij oannimlik dat er de passaazjes oer falske profeten mist hat en syn fierdere argumintaasje liket my ek sa lek as in tjems.

It soe bygelyks sa wêze dat it evangeelje no sawat 100% fan de befolking berikt hat yn hast alle talen. Dat soe dan betsjutte dat myn demonstrative aksje fan sawat 40 jier lyn gâns fertuten dien hat. Wy hawwe doe wat tsjerkedoarren beplakt mei de tekst “Mem, kin de Heare ek Frysk ferstean?” Ik soe dat no leau ik net wer dwaan want it is foarsafier’t it jo eigen tsjerke net oangiet dochs in foarm fan fandalisme mar ik stie dêr doe fjouwerkant efter.

Ik ha 40 jier letter en yn tsjinstelling ta Orlando net it idee dat Jezus yn alle Fryske tsjerken Frysk ferstiet of dat ferstean wol. It is foar him te hoopjen dat er al in bytsje Sineesk en Russysk ferstiet, oars hat er net in soad oare klanten as Trump en wat dwaze Friezen.

Blykber is it algemiene tinken dat Jezus noch hieltyd net tastiet dat minsken harsels wêze meie. Oerheden fan heech oant leech folgje dat boadskip ek en drage dat út. Bedriuwen ek. Dat liket my net goed ta mar jo hawwe yn in hiel soad gefallen wol de mooglikheid jo wol wat yn te skikken en sa hoflik as wat efkes oer te skeakeljen op in oare taal al hoe tryst en ûnbeskoft dat ek is.

Dy mooglikheid ha jo net oft jo in oare hûdsklear of eagen hawwe. Dy kinne jo al min útdwaan. Dy demonstraasjes binne dan ek mear as terjochte. It is wol wat spitich dat it doel kaapt wurdt troch allerhanne klups dy’t eins op hiel wat oars út binne as wêr’t it om giet.

Mar dat is net frjemd en ek frij algemien. Jo sjogge bygelyks ek withoefaak dat hooligans supporters neamd wurde. En dat djip- en beropsfriezen ‘och sa foar it Frysk’ binne wylst dat út neat bliken docht.

En Orlando? Orlando wol Friezen net yn ‘e himel hawwe mar by him. En ik bin ek bang dat er minsken mei in oar uterlik allinnnich syn segen jaan wol oft se presys dogge wat hy seit.