De wolvefolder

Middenmank alle konsternaasje ha wy fansels ek gewoan ús eigen Fryske soaps. Sa hat Oes Omroep, Oes Taal in âld filmke wer ris fan stâl helle. Sels binne se nochal ferbjustere oer alle negative reaksjes. Dat jout dan goed wer dat it harren ûntbrekt oan elke foarm fan selskennis. It is nammentlik in mear as stupide en oer alle boegen finaal mislearre filmke. Fan hokker kant jo it ek besjogge.

In folderke. Der is ek wat mei in folderke. Dat folderke fan rykswege ferskynt yn allerhanne talen mar net yn it Frysk. Mis!

Is ek sa. Om my mei alles wol yn it Frysk. It teory-eksamen foar it rydbewiis, bygelyks. Foar in bulte lju ek in tige wichtich ûnderwerp. En alle struibryfkes yn de sikehuzen. Geane meastentiids ek oer slim wichtige oangelegenheden. Dat soe fansels gewoan allegearre yn it Frysk foarhannen wêze moatte.

Mar ik soe earst ris begjinne mei dy webside fan de provinsje. Want as jo dêr wat op omstrune dan bedarje jo yn ‘e regel nei in pear mûsklikken yn de Hollânske brij. Dy side ha de Friezen sels yn behear dat oft jo it Frysk lykstelle wolle oan it Hollânsk dan leit dêr de earste kâns. Oft dat foar de bakker is soe ik der ris foar soargje dat it Frysk an Oes Omroep, Oes Taal boppe it nivo fan groep 7 fan de basisskoalle útkomt. En as jo it ferlykje mei it Hollânsk boppe it nivo fan groep 3. Dan koene de Friezen dy’t wol in bytsje tiid oan it Frysk spandearje wolle ek ris Frysk lêze. No kin dat nammentlik net. Nearne. In redakteur fan in krantsje dêr’t wolris in pear wurden Frysk yn steane neamt dat in Frysktalich tydskrift. Dat lycht se dus.

En dan ha wy noch de Fryske wolf. Wolven meie net Frysk wurde. En se meie alhielendal gjin Friezen opfrette. Dêr bin ik it hielendal mei iens.

Mar dan moatte jo opskriuwe en yn de praktyk bringe dat jagers dat bist omlizze as er de snút oer de provinsjegrinzen hinne stekt want dat kring kin gjin Frysk lêze en ek gjin Hollânsk of Arabysk. Mar dat skriuwe de politisy net op want dat mei net fan Europa.

Dan is it dus ien fan beiden: of jo akseptearje de wolf of jo skriuwe op dat jo jo net oan Europeeske wetten hâlde wolle en sille. Dat fyn ik prima mar oft jo dat sa net opskriuwe dan is it klearebare kiezersbedroch.

Dêr is spitigernôch net tsjin te folderjen.