Fryslân yn de útferkeap

Ik wit net oft ik it hielendal goed begrepen ha mar ik leau dat it it doel is dat Fryslân ûnder wetter setten wurde sil sadat se yn Brabân en omkriten mear bargen hâlde kinne. Op himsels is dat net nij want sa wurke it Kyotoprotokol ek. De skiednis werhellet him dus wylst ik wakker miende dat wy fan de ôfrûne tiid in geweldich soad leare soene.

Ik wol it no efkes net oer it RIVM ha mar der binne oare saakkundigen dy’t op papier set hawwe dat stoken mei biomassa in tige probaat systeem is om it miljeu te sparjen. En oft jo dat ienkear opskreaun hawwe dan kinne jo net samar sizze dat dat net sa is want dat komt net sa saakkundich oer. Of teminsten: dan sizze de minsken al gau dat jo net saakkundich binne en dat moatte wy net ha. En dus geane wy earst ek gewoan efkes troch it heale tropysk wâld hjir (no ja, aanst allinnich noch yn Brabân) op te fikken. Want Timmermans hat opskreaun dat wy goed om it miljeu tinke moatte en der is opskreaun dat biomassa goed foar it mileu is. Dus.

It komt oars foar it miljeu bjusterbaarlik goed út dat Fryslân fersûpe sil want dan komme der mear minsken te wenjen oan it trajekt fan de nije trein nei Helsinki. Der binne nochal wat Friezen dy’t net sa goed oer wetter kinne dy’t alle dagen op en del nei Helsinki moatte en dan is it foar it miljeu moai dat dat mei de izeren lûkbealch kin want mei in deldonderdoekje is dat gâns in ein. Sokke moaie Fryske wurden binne no ek filmkes fan, dy soene jo yn dy trein moai efkes besjen kinne. Dan soene jo ek goed sjen kinne dat de Fryske natuer slim feroaret want de ‘ooievaar’ is feroare yn in kat, de saneamde ‘earreboarre’.

It soe goed kinne dat dat bard is ûnder ynfloed fan de brede maatskiplike diskusje mar dat wit ik net krekt, dêr moatte tink ik earst efkes in nust saakkundigen oer gear. Ik tocht sels oan Willem Verf, Pieter de Groot en Rimmer Mulder. Sokke mannen wolle dêr grif wol in jûn oer neitinke foar lit ús sizze sa’n seis oant achttûzen euro. Dan kinne jo ek ris wer. Oft se dat no ris in jier as tsien folhâlde dan komt it grif hielendal klear mei it Frysk. Faaks komt der yn de tuskentiid dan ek wol in wurdboek yn de dan jildende speling.

Wy binne ek ta oan de neiere ferdieling fan it erfskip fan 2018. En it hat bliken dien dat der yn it fersopen lân slim ferlet is fan Israelyske dûnsen mei Amsterdamske ynslach. Dat seagen se jierren lyn al oankommen dat doe ha se de Fryske jeugdbrassband al opdoekt. Ik hoopje by god net dat se dêr Arabysk by begjinne te sjongen of sa want se ha by de brede maatskiplike diskusje grif noch gjin Hollânske term betocht foar maartske katten. It moat al goed gean oft se dy oantsjutte sille as politisy dy’t Fryslân yn de útferkeap hawwe.