KNKB: Slinende lekskoaiers

Frachten oranjekoeke, liters sterke drank, hompen tsiis en bulten droege woarst moatte se by de KNKB skrânzge hawwe nei de lêste parsekonferinsje fan de mp. Want der koe wer keatst wurde. Dy eufoary fernuvere my in bytsje.

Mar net doe’t ik wat langer neitocht. Keatsen is neffens de KNKB nammentlik in spultsje mei twa partoer fan trije man en in baltsje dêr’t se tsjin oan slaan moatte. En as it wier net oars kin soarget de KNKB foar in skiedsrjochter dy’t se in grypstehealstoer taskowe. En om net al tefolle drokte te hawwen om ta in winner te kommen bepale se op tiisdeitejûn troch in stjoerde kantoarlotting al wa’t yn de hage komt. Dêrmei hâldt it fasilitearjen wol sawat op.

Foar ferienings is keatsen mear as dat en dan giet it net allinnich oer it prikken fan in datum. Soks ûntgiet de KNKB fan alle einen en kanten en dus is de teloarstellig tige grut no’t bliken docht dat ferienings gjin partij organisearje kinne. De sjoernalistyk hat it nammers allegeduerigen oer ‘wollen’ mar dat is it ferkearde wurd. De foarsitter fan de KNKB lit noch wat sneuïch witte dat ferienings bestjoerd wurde troch frijwilligers en dy komme der net út. As soene it de aldergrutste ûnnoazelsma’s wêze dy’t jo betinke kinne.

De boargemaster fan de Waadhoeke docht ús noch efkes troch dat de gemeente wier wol fan goede wil is mar dat dy wil wol fan beide kanten komme moat en dus ek fan ferienings. It protokol moat neilibbe wurde en dat is echt net sa yngewikkeld.

Nee, dat kloppet. It is wol wat lang, ik leau fan 6 kantsjes A4. Ik ha dat lêzen en net út de holle leard. Dat moat fansels al oft jo yn de organisaasje sitte mar dat sit ik net. De gearfetting fan it net sa yngewikkelde protokol is it folgjende: “As it foar it wedstriidferrin needsaaklik is MEIE keatsers (en allinnich keatsers dy’t op dat stuit yn de striid behelle binne) tichter byinoar komme as oardel meter. Yn alle oare omstannichheden en foar alle oare oanwêzigen is dat ferbean, dus ek oft se fan de klaaikeamer nei it fjild toffelje bygelyks en by de priisútrikking.” Dêr binne gjin 6 kantsjes A4 foar nedich, liket my sa ta.

De boargemaster hat gelyk, ienfâldiger as dit kin net. Wat net yn it protokol stiet mar feitlik wol sa is, is dat it organisearjend komitee alles en elkenien dy’t net oan de wedstriid meidocht mei in mitrailleur of sa ûnder skot hâlde moat om der foar te soargjen dat se dat protokol neilibje. En it is krekt dat wat ferienings net kinne. Gewoan om’t wapenbesit yn dit lân sûnder fergunning net tastien is.

It wurdt justjes yngewikkelder boargemaster. Want as dy ferienings it folk net mei deadsbedrigings ûnder de kwint hâlde dan stjoere jo in hanthavener as ien as d’oare idioat út in doarp of stêd melding docht en moatte se as it heal treft € 4.000,00 skowe.

En dat betellet de KNKB net.

Der binne dus twa domme partijen: de gemeente en de KNKB. De frijwilligers dy’t de swarte pyt no efkes taskood krije binne yn dit stik fan saken de profesjonals. Want dy hawwe allegearre de bylden sjoen fan Rutte dy’t mei Macron lei te krûpen. En se witte dat dat net mei. Dus.

En sa’t it winnende partoer fan ôfrûne snein op ‘e foto stie, mei dus ek net. De KNKB hie dat partoer foar de rest fan dit seizoen skorse moatten en de organisearjende feriening de earste fiif jier útslute moatten fan it organisearjen fan wedstriden yn KNKB-ferbân.

Dan soene jo bestjoerders wêze dy’t ferantwurdlikheid drage kinne. No komt it net fierder as slinende lekskoaiers dy’t neat mar dan ek werklik hielendal neat fan keatsen begripe.