Hoe solidêr moatte wy wêze?

Wy moatte it meiïnoar dwaan sizze de preekhearen fan it regear. Dêrom giet de PC fan ’t jier net troch. Dan binne der dus dochs noch in pear dy’t begrepen hawwe wat ferantwurdlikheid betsjut.

Foar it oare kin ik daliks net sizze dat de bylden der op wize dat der ek mar it minste besef is fan wat dat meiïnoar dwaan ynhâlde moat. Sa wie der bygelyks in foto fan in dakterras yn Brussel mei in tal oanwêzigen dy’t sa dúdlik as wat en op Wikipedia wol nei te gean yn de fierste fierte gjin famylje faninoar binne mar dochs sawat byinoar op skurte sitte.

Se wiene yn it geheim dwaande de supersteat Europa fierder stal te jaan ynklusyf it optugen fan in nij Europeesk belestingsysteem foar it gefal oft it útdielen fan fergees jild net genôch is foar de sûperij en oar slinend fermaak. Dy foarm fan meiïnoar dwaan stiet my út noch yn net oan.

Dêr komt by dat ik boike Mark op oare bylden oan syn mûlkapke omskuorren seach dêr’t elke saakkundige fan seit dat dat straalferkeard is.

Mar wy moatte it wol meiïnoar dwaan en dus binne wy mar wat solidêr. Underwilens mien ik fêststelle te kinnen dat it kommende winterskoft op kultureel mêd as folslein ferlern beskôge wurde moat. Ik krige hjoed sels al in berjocht binnen oer kommende maitiid dat mei it aldergrutste foarbehâld skreaun wie.

Mar wy moatte it meiïnoar dwaan en solidêr wêze. Dat is moai mar dêr sitte wol grinzen oan krekt likegoed as oan dy supersteat Europa. Oft it aanst safier komt dat ik in mûlkapke foar hawwe moat om’t se yn Amsterdam en op it keatsfjild oars as by de PC gjin oardel meter útmjitte kinne dan komt der in ein oan myn solidariteit. Jou dy lju in tûmstôk en slach se oars mei in slaaie op ‘e harsens dan is yn de koartste kearen alle besmettingsgefaar oer.

Kom my net oan mei dat wy ien lân (of ien Europa) binne dêr’t rûnom deselde regels jilde. Oft jo hjir by ús in Opperdoes yn de grûn triuwe komt der wier gjin Biltstar út. Oft se yn Amsterdam de Kalverstraat ôfslute wolle dan dogge se dat mar. Wy winkelje yn Stiens en Sint Anne, dêr ride wy mei de auto oan de doar ta.

Wat wol rûnom itselde is, is it waar. Dat is oant no ta alderprachtichst. It is dan ek ûnbegryplik dat ús nasjonale waardwaas hieltyd krekt docht as soe it in freeslike simmer wêze.