Dy hat korona, dat kin net oars

Der wie hjoed in lytse monolooch by de Aldi. It is noch krekt net op slaanderij útrûn mar dat kaam tink ik om’t ik sa ferbjustere wie dat my efkes gjin wurd út ‘e mûle kaam en ik ek gjin poat fersette koe. Ik lis it daliks út, earst moatte wy it efkes oer de algemiene stân fan saken hawwe.

By de Aldi, de Jumbo, de Appy en de Lidl hawwe se de winkelkarrehimmelfamkes de sek al lang wer jûn, jo moatte dêr sels mei skjinmakkersark yn ‘e slach om jo libben feilich te hâlden. By de Poiesz binne se der noch al en ek altyd fleurich. De Poiesz docht it dus it bêste. De Poiesz is in Frysk bedriuw, dy oaren binne leau ik oanwaaien kommen út Dútslân en Hollân en noch net rjocht ynboargere want dy tinke dat dat firus him wol wat rêde sil.

Dat tinkt de jeugd ek en dat is net bêst wol ús premier hawwe. Dat kin. Mar dy jeugd krijt dus synjalen fan de supermerken dat it allegearre sa goed as oer is en it hat ek wol kâns dat se dy foto fan dat Brusselske dakterras sjoen hawwe oft Trump dy teminsten net fan Tikky Tok ôf flikkere hat. En se ha sûnder mis ek meikrigen dat Rutte de bobo’s fan de KNVB net skille hat om te sizzen dat alle fuotbalwedstriden fan sawol berops as amateurs it earste jier ferbean binne om’t bliken dien hat dat Feijenoordsupporters har fan gjin kanten oan de regels hâlde kinne en jo der net fan útgean moatte dat dat mei Ajaxsupporters oars is.

Faaks hat dy jongerein wol bylden sjoen fan tûzenen lju op De Dam dêr’t ek noch wakker fleurichop in boargemaster tusken stie. De jongerein kin dan wol ‘oerstom’ wêze, dat wol noch net sizze dat se hielendal neat sjogge. It soe bygelyks ek wêze kinne dat se foto’s sjoen hawwe fan it keatsen, ôfrûne snein yn Bitgum. Dêr is neat mar dan ek werklik hielendal neat op te sjen oangeande hokker maatregel dan ek mar.

Dy jeugd sil tink ik ek wol witte dat der nul kontrôle is op wa’t efkes yn in risikolân sjoen hat want dy jeugd wit ek wol dat der njonken fleantugen auto’s binne.

Boppedat sil dy jeugd justerjûn wol heard hawwe dat de premier sei “Als te veel van jullie”. Dat hâldt dus yn dat in pear gjin kwea kin. En om’t dy jeugd al skoften net nei skoalle west hat tinke se allegearre dat sy dy “pear” binne. Fierder hat de premier justerjûn sein dat se jûns om tsien oere nei de kroech moatte om’t der op it skoalplein gjin bier tape wurde mei. Dat sille se grif hiel goed ferstien hawwe.

En hjoed koe de jeugd hearre dat se de kontaktûndersiken better folslein negearje kinne om sa te helpen it personielstekoart op te lossen. Dat sille se grif wol fia it ien as d’oare kanaal troch krije.

Mar goed op dy jeugd om janke, Mark, dêr komst in hiel ein mei. En neat sizze oer alle missers dy’t dyn saakkundigen sa njonkelytsen yn de etalaazje lein hawwe. En lis foaral de kultuer noch in pear jier plat dan kin dyselde jeugd aanst út klearebare ferfeling bushokjes begjinne ôf te brekken. Want se moatte dochs wat, oars krije se obesitas en dat mei net.

By de Aldi wie in jonge dy’t sa te sjen fan mem ferplicht om boadskippen stjoerd wie, in jier as tolve-trettjin tink ik. It wie net sa’n betûfte boadskipper. Hy hie wat swier guod, suvel (hiel ferstannich), wat oar guod, wat pûden sjips (finaal ferkeard) en in te lytse tas. Omdat er noch net safolle ûnderfining hie soe er it swiere guod boppe-op it lichte spul yn dy tas plantsje mar hy betocht him en beseach de saak fan alle einen en kanten. Lichte panyk ûntstie want hy wie der finaal mei oan hoe dat guod yn dy tas te krijen.

Begjint der my sa’n frommis dat moarns op syn minst trije oeren mei in fervewinkel yn ‘e slach is te balten dat er avensearje moat en dat guod earst wol yn de karre dwaan kin om’t sy dan net sa lang hoecht te wachtsjen.

Dy jonge krige in dikke reade harsens. Hy tocht grif: “Dy hat korona, dat kin net oars”.