Dat stekt

Jo kinne fansels net oer elke klap en skeet in stikje skriuwe mar oft der oanienwei troch berjochten ferskine dan komt der in tiid dat jo net mear swije kinne.

Us grutte enerzjyboeren dimme de har talevere streamen oft har netsje it net mear oan kin. Dêr kinne jo as grutske eigner fan dy bakplaten op it dak mar wakker wiis mei wêze. De provinsje sil oars as tasein om’t dat foar alles en elkenien fierwei it bêste like net oerskeakelje op elektrike karkes. Dat is kiezersbedroch.

Dyselde elektrike weintsjes mei harren laadpealtsjes lizze nammers in fierstente grut beslach op datselde netwurkje fan de enerzjyboeren dat oft it heal treft ûntploft de hiele brot aanst. It soe nammers fierwei it bêste wêze dat hiele elektrike ferpleatsen te ferbieden salang’t de keapers dêrfan net ferplichte wurde dêrfoar sels de nedige kobalt út de grûn te klauwen want sa’t it no giet is it eufemistysk útdrukt op syn bêst in feredele foarm fan slavernij.

Wetterparkjes klappe by it earste it bêste sigentsje op ‘e wâl, oer ûndersiken nei it ûnderwetterlibben op dy plakken ha ik noch neat lêzen. Skoandere en krappe agraryske grûn wurdt ynpikt troch de enerzjyboeren.

It ferduorsumjen fan jo hûs kin allinnich út oft jo in jier as tweintich binne, in stik as trije bern hawwe en fan doel binne om hûndert jier yn datselde hûs wenjen te bliuwen.

Dit hiele enerzjysirkus is dus allinnich bedoeld foar it sekkefoljen troch it bedriuwslibben. Fierder hat werklik nimmen der wat oan. It iennichste dat al wat jaan soe is minder enerzjy brûke en dat is no krekt wat dy enerzjyboeren net wolle.

Wy wurde oan alle einen en kanten besoademitere. Earder die al bliken dat Belgyske kij in stik minder gas útstjitte as Fryske. Ferline wike wie der in heechlearaar dy’t ús fertelde dat it sanearjen fan bargebuorkerijen net folle jaan sil om’t dy net yn de Rânestêd sitte mar it dêr wol optilt fan de kij. Jo leauwe it net mar as in heechlearaar it seit sil it wol sa wêze, is’t net sa?

De útstjit fan de kij skynt nei’t de minister wat mear stúdzje dwaan litten hat basearre te wêzen op in ferkearde berekkening fan ien amtner, de man of frou wie der by fersin fan útgongen dat ien en ien trije is. Yn it nijs stiet lykwols dat se de waarberjochten no op dy berekkenings los litten hawwe en de útkomst liket no te wêzen dat ien dielt troch ien twa is. Dat komt al mear yn de rjochting fan de wierheid mar is it noch net.

De kening stie ek mei de frou op ‘e foto en it punteklassemint by it keatsen skynt foar de topsporters wichtiger te wêzen as wat dan ek. Sokken sille wol och sa foar it elektrike riden wêze en Lúksemboargers ferbiede om ea noch in fisk op te haffeljen om’t der gjin see yn Lúksemboarch is en de kringlooplânbou dêr dus gjin fisk opsmyt.

It begjint allegearre wat te stekken. It hiele kulturele libben leit nammentlik plat. En dan ha’k it net allinnich oer de subsidiearre teaters mei it personiel dat dêrmei anneks is mar ek sa goed as it folsleine doarpslibben. Gjin grutte protesten lykwols dêr’t kranteberjochten út fuortkomme mei teksten as ‘maar de politie greep niet in’. Ek dat stekt.