Fegetaryske beuker

Wy libje yn in demokratysk lân. Dat wurdt teminsten sein dat dat sil dan sa wêze. It stiet ek op Wikipedia en no is net alles wier wat dêr op stiet lwier mar wat dit ûnderwerp oanbelanget meie jo der fan útgean dat mocht it net sa wêze der grif wol in tal lju west hiene dy’t dat efkes korrisjearren.

Yn in demokratysk lân is it mooglik wetten te meitsjen en dy oan te passen. Dat is in goed ding. Om soks foarinoar te krijen moatte jo op in partij stimme dy’t sa’n wet meitsje wol of oanpasse wol. Is der lang om let in mearderheid dan giet it feest troch. Dat is allegearre prima regele sa’t it yn in demokratysk lân regele wêze moat om oan de prinsipes fan de mearderheid rjocht te dwaan.

Oft jo wetten of konsekwinsjes dy’t dêr út fuortkomme oanpasse wolle om ien minister te skewielen dan hat dat mear fan in bananerepublyk. In minister is no ienkear gjin fegetaryske beuker dy’t op de fuif fan oeroerpake dy’t hûndert jier wurdt by fersin in stik rikke iel ophaffelet. Dat Grapperhaus op de toanielskoalle fan it CDA leard hat dat er as in beuker begjinne moat te janken om’t mem dy aksje by fersin sjoen hat feroaret dêr neat neat oan. Grapperhaus is gjin beuker, it is de man dy’t alles en elkenien it leksum lêzen hat. En dêr wie sa goed as it folsleine omsittend laach yn de twadde keamer och sa oer te sprekken. Oars hiene se – prinsipiëel as de plichtsje útdrage te wollen – wol earder oan de rem lutsen. Dat ha se net dien.

Se wolle no efkes goedkeap skoare by dy pear lju dy’t in bekeurinkje krigen hawwe. Dat is moai foar dyjingen dy’t it oangiet. Mar it hat gjin sek te krijen mei it fatsoenlik ynrjochtsjen fan in demokratysk lân. Se ha in minister dy’t se it leafst net kwyt wolle en dus feroarje se de wet.

Fansels hiene wy der neat mei opsketten oft de man opstapt of fuortstjoerd wie. Want nei him wie der wer in nijen kommen dy’t alles en elkenien besoademiteret sa’t it him of har útkomt. Wy ha hjir nammentlik tige demokratysk meiïnoar besletten dat it libben yn in bananerepublyk sa min noch net is. Dat is fierder prima, mar sis dat dan gewoan.

Dy bekeurings kinne dus allegearre seponearre wurde. Prachtich. Ik woe graach wat smertejild hawwe om’t ik net nei de begraffenis fan ús omke mocht. Ik tocht oan in ton of sa.