Overheadspûken

It is foar de Belgen te hoopjen dat se goed foar it snotsje hawwe dat de fiertaal by de Ljouwerter en it Deiblêd Frysk is. Oars wurdt it in miskeap want de Friezen binne tige grutsk op harren taal. Dat oft se der net om tinke dan draait dat redaksjoneel oparbeidzjen der aanst op út dat de Fryske sjoernalisten de hiele De Telegraaf fol Frysk sette. Dat sil gâns opskuor jaan mar dêr jouwe de Friezen neat om.

Friezen binne nammentlik foar de duvel net benaud en knibbelje allinnich foar God. As it wêze moat dogge se dat yn de Snitser Mar, dêr stie in pracht fan in foto fan yn it Deiblêd. Nee, benaud binne de Friezen net en wat Rutte der ek fan fynt, se dogge der gewoan in Grapperhauske by. In oare grutte Grapperhaussjo seagen wy by it fierljeppen, deun foar de eagen fan de minister en de kommassris fan de kening. It lokwinskjen gong der dêr tige tradisjoneel om en ta.

Nee, benaud binne de Friezen net. Se plempe it hiele Feestboek fol mei Swarte Piten. Dat komt frijwat beroerd út want Sinteklaas komt fan’t jier hielendal net dat as ik dy Friezen wie soe ik der mear op ynsette de krystman te ferplichtsjen gjin ‘Ho, ho, ho’ yn it Hollansch te sizzen mar yn it Frysk. Mooglik komt dat lykwols noch want Friezen binne fansels net benaud.

En Friezen binne tige grutsk op harren taal. Dat hat der wolris minder foar stien mar de behearsking giet de lêste tiid mei sprongen foarút. Dat stie yn de Ljouwerter. De deputearre wie ek tige op ’t snjit en dy hat der ek goed betrouwen yn dat de Belgen de Fryske kleuren wol wat gewurde litte sille. Dat is moai want yn it Deiblêd stie wat oars. Mar de Belgen binne warskôge. Friezen binne net benaud!

tt iennichste dat net sa hiele goed giet yn Fryslân is de skriuwerij fan Fryske skriuwers. Dat sei de literatueradviseur snein foar de radio. Se moatte op les!

No wol ik net eigenwiis oerkomme mar ik ha bêst wol in pear skriuwers meimakke en doe is my net echt opfallen dat se net skriuwe kinne. Fansels leit de iene jo better as de oare mar om no te sizzen dat se net skriuwe kinne?

Soe it ek sa wêze kinne dat dy skriuwers earne benaud foar binne? Foar de overheadspûken bygelyks dy’t harren efter elke doar fan de Bûterhoeke lizze oan te gapjen? Ik soe my samar foarstelle kinne dat se allinnich om dy reden al noait wer in letter op papier doare te setten. En dat ek net mear wolle.

De Belgen kinne har gong dus wol gean.