De ridel fan Mark

Boike Mark sei niis yn syn wyklikse ridel dat er it sa aardich fynt dat Nederlanners net folle om sizzen jouwe. It lider.

Dêr is fansels hielendal neat aardichs oan. Dat ha wy justerjûn yn in gearkomste ek meiïnoar fêststeld. It is nammentlik mei tank oan al dy dwazen út it foarige bloch dat wy der justerjûn by sieten sa’t wy der by sieten. En dat wy der sieten.

Wy plichtsje sokke gearkomsten nammentlik oars oan hûs te hâlden mar yn tsjinstelling ta de dwazen ha wy gjin húskeamers fan in pear pûnsmiet grut. En dus sietenl wy yn it doarpshûs. Dat doarpshûs kin yn trijen mar wy hiene alle skopanielen iepen en dus de beskikking oer de folsleine seal. Mei fjouwer man. It is eins te idioat foar wurden.

Fan ’t maitiid hiene wy alles sawat yn kalk en semint en doe wie it ynienen ho. En geandewei de simmer bin ik – en de oaren ek – ta it ynsjoch kommen dat wy mei tank oan de dwazen dit winterskoft wol shake kinne.

En dan is in grut part fan dy dwazen ek noch fan miening dat ferienings – en dêrmei doel ik perfoarst net op uzes want dêr ha ik gjin lûden oer heard – lef binne om’t se neat doare te organisearjen. Stel idioaten, gean sels ris yn in bestjoer sitten yn stee fan wat ûnnoazel oan de kant stean gean te balten en dwaas gedrach te fertoanen.

Ik nim oan dat dúdlk is dat ik de hel yn hân ha en noch altyd ha. Boike Mark lykwols net, dy fynt it aardich. Dwaas.

It hat dêr justerjûn ek noch in godsfermogen koste want wy binne gjin tweintich mear en dan ha jo nochal gau lêst fan de kjeld. Ik teminsten al. Mar it wie lekker waarm, de kofje wie goed en it bier kâld. Wy ha twa bakjes kofje hân en ien fleske bier. Dat neam ik efkes want oars komt dêr wer praat fan.

Ik skrok al in bytsje doe’t ik yn ‘e auto stapte want ik ferwachte dat it in oere as alve wie mar it wie healwei ienen. Dan wie it tink ik net in ferfelende gearkomste.

En omdat boike Mark it gedrach fan de Nederlanners sa aardich fynt wat wy útsoarte justerjûn noch net wisten koerse wy no ôf op maaie/juny 2022. Dat sille de dwazen de domme kant neist wol fine mar dat is dan mar sa. Boppedat hâlde wy der rekken mei dat dy dwazen yn de tuskentiid noch justjes dwazer wurde sille en is it doel te kommen mei in foarstelling dêr’t mar 10 man publyk by mei. Mocht it al tafalle dan kinne wy dat altyd noch opheegje nei 250. Mar dêr soe ik mar net op rekkenje.

It stik fan fjouwer bedriuwen moat no al justjes behoffene, byknipt en oars ynelkoar plakt wurde. Mooglik krije wy nochris in reinige dei of in horrorwinter, dan soe dat moai efkes kinne. Ik tink dat boike Mark ek wol sljocht op de waardwaas is.

Ik net.

NS: It kassafamke by de Aldi jankte der fan ‘e middei hast oer. Se hie it mûlkapke ûnder de noas, it bern drige te smoaren. Ek mei tank oan de dwazen. Nee, ik hie net ien op.