Oebele-Gaatske

No’t Fatima en Mohammed de IC beset hâlde kinne wy it bêste mar wat yn ‘e hûs bliuwe want se snoepe alle romte op. Ik fyn it mar nuver dat se dêr lizze want ik ha se de hiele simmer nearne sjoen. Net by it skûtsjesilen want dat wie der net en net by it iishockey. Dat is der leau ik simmers sowieso al net mar letter yn it seizoen seach ik se ek net. Op ‘e Ingelumer merke ha ik se ek net mist want ek dy gong oer. Mar sels by de frouljus-PC bin ik Fatima en Mohammed net gewaarwurden. Wêr ha se dan in krupsje oprûn dat se op ‘e IC bedarre binne?

Oebele-Gaatske-en-dy wiene der al mei de hiele húshâlding: Marijke santjin oant en mei fiieintweintich en Hotse seis, sân, acht en tsien. Hotse njoggen hie oare drokte. It is wat in wûnderlike húshâlding want se falle allegearre op de eigen sekse mar om’t Fryslân de flagge noch mar krekt út hat ha se dat oant no ta stil holden. Mar goed, dêr komme gjin bern fan fansels dat se wenje allegearre noch thús. Dan is it moai dat jo neffens de regels efkes meiïnoar nei sa’n frouljus-PC kinne. Der wiene noch in pear fan sokke húshâldings, mooglik binne der noch wat aardige relaasjes ta stân kommen.

Mar gjin Fatima en Mohammed dus. Faaks wiene se doe al dwaande mei de besetting fan de IC, jo witte soks net. It soe kinne.

Hoe dan ek, dêr is no dus gjin plak mear. Der binne guon dy’t tinke dat jo dêr wol wat bêden by sette kinne sadat it probleem oplost is. Dat kin fansels ek wol. En Van Wijnen soe tink samar in houtsje-toutsje-hal yninoar nifelje kinne mei wyt behang. Dat kin allegearre. Mar dan kinne jo sa’n bêd tink likegoed yn in túnhúske by jo yn ‘e bleek delsette. De stikelbargen soargje wol foar in wintersliep dêr’t jo noait wer út komme.

Oft jo it net al te beroerd treffe dan binne Fatima en Mohammed faaks wol ree om in kompjûterding del te bringen dêr’t jo de trije Fryske folksferhalen mei beharkje kinne. Dêr hawwe se € 113.500,00 eurys foar krigen dat dat soe har dochs wol wat wurdich wêze moatte. Oft dy smearlappen de stikelbargen dan mar net ferbalje!

Mar dat sil allegearre net barre. Want it foldocht Fatima en Mohammed poerbêst op ‘e IC dat dy komme dêr foarearst net wei. Dat mei nammers ek net fan in grut lieder fan in politike beweging yn de Twadde Keamer. Dan soe er gjin rjocht fan praten mear hawwe en dus moatte Fatima en Mohammed lizzen bliuwe dêr’t se lizze.

En de PC fan takom jier? Oebele-Gaatske ha der no al sin oan. Hooplik hat de kommisje neffens keatsgoeroe Braaksma genôch kont yn ‘e broek om Oebele-Gaatske it libben net langer ûnmooglik te meitsjen.

Al binne dy fansels ek net foar ien gat te fangen. As it nypt en wedernypt sykje se wol in leechsteande boereskuorre op foar de neisit. Nimme se mei de hiele húshâlding yn ien loop de dêr oanwêzige drugsproduksje wol efkes mei.

Dat hiene Fatima en Mohammed better ek dwaan kinnen yn stee fan dêr in bytsje dom lizze te wêzen.