It boike, it konservaterke, it famke en it spultsjewiif

De kening seach it spul lang oan mar úteinlik krige er it sa Spaansk benaud dat er in feilich hinnekommen socht mei de húshâlding. Ik begryp dat wol. Want wat seach de kening allegearre?

De hiele godgânske simmer lang seach de kening klibers folk dat der op út woe en dat ek die nei oranje gebieten. Hast nimmen fan dy hoemannichte gie dêrnei frijwillich ferplicht yn karantêne. De kening skodholle mar hy mocht der neat fan sizze. De kening mei noait wat sizze. Mar hy naam him al foar sels in goed foarbyld te jaan dat mocht de gelegenheid him foardwaan allinnich nei in feilich gebiet te reizgjen.

De kening seach hoe’t de ryksoerheid – syn ryksoerheid – it folk oansette klean te meitsjen dy’t de fitale lichemsfunksjes útskeakelje kinne. De kening seach hoe’t de ryksoerheid it folk geriifde mei patroanen op it wide web. De kening seach hoe’t earst ZZP-ers en letter it heale folk efter de naaimasine bedarre om as it sa útkomt útstriele te kinnen hoe stoer se wol net binne. De kening seach dat it levere patroan earder libbensbedriigjende as libbensrêdende tastannen opsmiet. Mar de kening mocht der neat fan sizze.

Earjuster seach de kening foar de safolste kear dat boike Mark yn Brussel oan it grapperhauzen wie. Fansels seine se wol tsjin de kening dat kamerabylden justjes fertekenje kinne mar de kening wit krekt likegoed as my dat as te sjen is dat se inoar sawat yn ‘e bûse krûpe der gjin inkelde kamera is dy’t sa ferskuorrende skeel sjocht dat dy bûsen grutter as oardel meter binne. Mar dat mei de kening net sizze.

De kening seach mear. De kening fernaam dat de minister fan spultsjebrot de grûnwet – syn grûnwet – njonken har del leit. Want de kening wit as gjin oar dat dêr yn stiet dat jo minsken yn gelikense omstannichheden gelikens behannelje moatte. It jout dan gjin pas de saken sa yn te regeljen dat bern fan profbasketballers earder op de hongerpôle bedarje as dy fan profskoppers. Prof is no ienkear prof en dêr mei in minister net samar efkes ûnderskied yn oanbringe.

Noch mear seach de kening. Hy seach it reisadvys fan Grapperhaus – de mislearre konservator fan de Nederlânske noarmen en wearden, mar dat mei de kening net sizze – dat hawwe wol dat lju dy’t 100 meter fan België ôf wenje dêr net efkes sjen meie mar wol nei Fryslân ôfreizgje meie. Wylst se op dy reis grif faker pisje en kofjedrinke moatte as by dy hoannestap. Boppedat, sa seach de kening, kroadzje se dat bist sa út de rânestêd wei it plattelân op. De kening is in tûke man mar dat mei er net sizze.

De kening seach en hearde famke Femke ek. Hy griisde der fan dat famke Femke oprôp ta in boargeroarloch yn stee fan ta it brûken fan in bytsje ferstân, hoe behyplik ek. Al fernuvere him dat ek wer net hiel bot om’t er al lang sjoen hie dat se sels hielendal gjin ferstân hat dêr’t de kening gâns bylden fan op it netflues hie.

Dêrom wie de kening dus efkes fuort nei in feilich plak. Mar hy is ek al wer thús. It soe moai west hawwe as er efkes by my oankommen wie want dan hie er meimeitsje kinnen dat alle kritisy finaal troch it lint giene, lak oan alle regels hiene en myn nachtrêst dus net earder yngean koe as om trije oere fannacht.

Mar de kening wie der net. Faaks mocht er net fan it boike, it konservaterke, it famke en it spultsjewiif. Ik ha begrutsjen mei de kening en ek in bytsje mei mysels.