Te keap: sjoernalisten

Sawat in heale ieu lyn wennen der yn Ingelum in pear minsken dy’t de krystbeam oant de Peaskedagen stean lieten. Dat wie frij apart, it hiele doarp wist it en hie it der oer. Der waard noch krekt gjin skande fan sprutsen.

As wy in heale ieu fierder binne dan hellet it folk de krystbeam mei de Peaskedagen yn ‘e hûs, wy skarrelje dy kant al aardich út. ‘Krystbeammegekte’ wurdt dat neamd. De oarsaak soe lizze yn de grutte fraach nei krystbeammen. Dat is fansels klearebare flauwekul, de iennichste reden is dat túnsintra en boumerken ús dy dingen troch de strôt triuwe wolle. It kaptaal lit no ienkear gjin inkelde mooglikheid foarby gean om de wrâld út te rûpeljen.

Wêrom is der yn Nederlân gjin fraach nei nylhoarsen? Of nei pinguins? Wêrom is der yn Fryslân gjin fraach nei skreaun Frysk, Biltsk en Stellingwarfsk? En wêrom is der wol fraach nei drugs? Oft de sjoernalisten dêr no earst ris ûndersyk nei dogge dan kinne se ús dy ûnnoazele stikjes oer ‘krystbeammegekte’ besparje. Der is gjin fraach nei krystbeammen, der is oanbod fan krystbeammen.

Wêrom ha dy sjoernalisten de grutte politike ljochten der mei gâns eftergrûnerhalen net op wiisd dat de wolf in beskerme bist is mar ús yn stee dêrfan leauwe litte wolle dat it bist keard wurde kin? Sûnt hoenear hoege sjoernalisten gjin krityske fragen mear te stellen?

Wêrom sjitte wy sjimpansees eins dea oft dy gewoan efkes troch in iepensteande doar kuierje om’t ien as d’oare bisteleafhawwer fergetten hat dy ticht te dwaan? Wy sjitte preepubers mei messebrot yn ‘e bûse dochs ek net dea? Wêrom eins net? Om’t se dan gjin krystbeam mear keapje kinne?

Wêrom litte dy sjoernalisten net immen fan miljeudefinsje oan it wurd no’t hiel Nederlân fan betinken is dat jo kofje-te-gean-rotsoai yn de natoer efterlitte moatte? Wêrom net? En wêrom krije wy gjin andert op de fraach wat der mis is mei termosflessen? Binne dy min om’t dêr mar ien beker op sit? Dêr nukt hielendal neat, in húshâlding is in bubbel en dy mei hielendal net mei oare bubbels yn kontakt dat jo kinne poerbêst mei fiif man mei ien beker ta.