Perspektyf is te hanthavenjen

Noch net sa mâle lang lyn ha wy in snuorje hân dat wy neffens politisy fan alles en noch wat ‘meemaken’ moasten. Want as ien politikus wat ‘meemaken’ wol dan wol de oare it ek ‘meemaken’ en dus wolle se it allegeare ‘meemaken’. Om my hie ik dat net ‘meemaken’ hoecht mar jo ûntkamen der net oan.

No binne politisy frijwat ritich dat it ‘meemaken’ is ferballe troch ‘perspectief’. Alle politisy hawwe it no oer perspektyf. Jo meie hoopje dat se opsocht hawwe wat perspektyf is al bin ik sa frij der fan út te gean dat se dat net dien hawwe. Jo kinne no ienkear net alles ‘meemaken’.

It perspektyf is no dat de jongerein fan sis mar sa’n 16 oant 45 jier mei âld en nij op syk moat nei in nije foarm fan ferdivedaasje. Ik bin de beroerdste net dat ik woe graach efkes helpe se wat perspektyf te bieden.

It is net ferbean in fjoeroanstekker by jo te hawwen. Under oare by de Welkoop mar op gâns mear plakken is wol wat branje te keap. Gewoan by in benzinestasjon efkes in fleske folje kin ek goed. Sawol yn de stêd as op it plattelân steane bergen auto’s op de iepenbiere dyk. Hammerke mei (messen binne ferbean), rútsje yntikje, fluts fan dat guod der yn en baarne mar.

Yn stêden mear as op it plattelân tilt it op fan seker om dy tiid leechsteande en ûnbemanne kantoargebouwen en winkels. Itselde fleske en hammerke mei (tink wol om de kamera’s, goed ferklaaie) en yn de hens mei dat guod.

As de ferfeling dêrnei dochs noch taslacht dan binne der grif noch wol wat liguster- en konifearehagen of – noch moaier – wat stedsbosken dy’t wat spektakel opsmite kinne.

Goed útsjen want Grapperhaus – grappiger man bestiet yn myn perspektyf net – hat tasein dat der op elke hoeke, yn elk steechje en yn elke gloppe ien stiet dy’t jo arrestearje kin. Jo kinne se werkenne oan it spandoek dat se by harren hawwe: “Perspektyf is te hanthavenjen”.