Wiegel syn dissipels

Wiegel sei it al: “Sinterklaas bestaat, daar zit ie”. Boike Mark kin fansels it kostlike VVD-erfgoed net fersmite dat dy sei juster noch mar ris wer dat wy in foarbyld nimme moatte oan it hâlden en dragen fan Sinteklaas.

It is faaks in idee om dat boadskip ferplicht wykliks ferkundigje te litten yn skoallen, tsjerken en moskees. Dan sjit it mei it oekomenysk bewustwêzen ek in bytsje op en kinne Jezus en Mohammed ôfskaft wurde. Oft wy meiïnoar leauwe dat it útrûpeljen fan de wrâld út noch yn net ophâlde hoecht, dan is dat de oplossing.

De iene nei de oare politikus krijt in melding fan de ep dat er te lang te ticht by in útrûpelder yn de buert west hat. Dan folget ûnferbidlik karantêne. Sinteklaas sil kontrolearje oft de dieder him dêr wol oan hâldt. Nimmen komt dus op it idee dat dy dieder in oertreding makke hat en dus opsletten wurde moat. Want Swarte Pyt as boeman kin no ienkear net mear.

Sinteklaas sil it firus de baas wurde. In jier lyn of sa skreau ik al oer it ynplantsjen fan in tsjip dy’t der foar soarget dat de winkeldoar foar jo iepen giet. By gebrek oan sa’n ding wurde jo útsletten fan it grutte útrûpelfeest. Wa wol dat no?

De VVD. En dus hiel Nederlân want elk leaut yn Sinteklaas en stimt op ‘e VVD. De VVD wol in yndirekte faksinaasjesplicht. Dat is dus ekskakt itselde as sa’n tsjip. It iennichste ferskil is faaks dat er om de safolle tiid ferfarske wurde moat. Ik tink fan op syn minst alle jierren om Sinteklaas hinne.

Wolle jo mei de krystdagen nei pake en beppe? Dan earst fjirtjin dagen nauwe kontakten mije. Oft jo dus net nei pake en beppe wolle dan kinne jo inoar gewoan yn ‘e nekke hymje. Want sa seit Sinteklaas syn maat: “Leuker kunnen we het niet maken, wel makkelijker”.

Oft Sinteklaas tinkt dat er it mei ditsoarte boadskippen rêde sil, dan hat er it mis. Hy mei dan sels wol tinke dat er bestiet, dat is net sa.

Mar it dwaze folk sil fan 1 desimber ôf mei mûlkapkes, en letter mei lichemsfrjemde stoffen en noch justjes letter mei in tsjip yn de bealch omdangelje.

Dy lêste beide binne safier noch net mar dat duorret net lang mear. Earst sil him de fraach lykwols foardwaan oft ik al of net in bekeuring riskearje wol troch net sa’n ding foar de snaffel te hawwen. De tiid sil dat útwize.

Wat de tiid net útwize sil mar no al wis is, is dat ik nea op de VVD stimme sil en yn Sinteklaas leauwe sil. Sawat as iennichste. Leau ik.