Gjin gebongel

Nei sa’n turbulente wike binne jo wol oan in fersetsje ta dat ik wie freedtemoarn lykas alle wiken ier en betiid al by de bakker. Mei it each op de omstannichheden hie ik ferwachte dat de moarkoppen yn ‘e oanbieding wiene mar dat foel ôf. Sterker noch: der wiene hielendal gjin moarkoppen. Doe ha ik mar in ekstra kroketbroadsje meinommen, in minske wol no ienkear meidwaan, is ’t net sa?

De FNP is lilk op Eelke Lok. Want Lok hat in âld man sitearre dy’t sei dat de FNP it boarst foarút hat om neat. Sokke sitaten mei Lok net opskriuwe fan de FNP. Fan my mei dat wol, dy âld man hie gewoan gelyk.

It tal partijen dêr’t wy aanst op stimme kinne wurdt hurd lytser. Hjoed binne it CDA, de CU, de SGP, D66 en de PvdA ôffallen. Dy binne allegearre foar de Lelyline. Ik net. Se ha destiids de spoarline Ljouwert-Minnertsgea net om ‘e nocht opdoekt dat se moatte no net wer mei dy dingen begjinne te griemen. It iennichste wat wy oan dat spoar oerholden ha is dat wy hjir no in strjitte hawwe dy’t Tramdyk hjit. Der steane leau ik in stik as fiif huzen oan. Aanst ha wy de hiele provinsje fol spoaren lizzen dêr’t noait in trein oer toffelet. En dan mar janke dat de ljippen gjin plak ha.

Mei in faksin ha se der plan-út in soadsje fan makke. Neffens jonkje Hugo is it tige dat dat no foar’t ljocht komt want dat betsjut dat de systemen goed wurkje. It is mei oare wurden prima oft jo troch read ride en dêrmei ien op ‘e fyts of sa út ‘e tiid helpe want ús rjochtssysteem wurket och sa treflik dat dan wurde jo feroardiele. Dat mei wol sa wêze mar it liket my dochs better om net troch read en ien dea te riden. En dat is mei sa’n faksin ek sa. Dom praat dus fan Hugo.

Der binne leau ik plannen yn ‘e maak om ús aanst jild ta te jaan as wy ús teste litte. Ik wol hielendal net test wurde. Der mankearret my sa goed as neat dat dan is testen klearebare flauwekul. Der binne leau ik noch wol wat memmen dy’t troch alle politike partijen yn ‘e mande yn in soarte fan hel bedarre binne, jou dy myn part mar. It skynt neffens de polityk dochs neat te kostjen want dat jild komt linea rekta wer yn de ekonomy. No, sjit op dan!!!

Myn faksin kin nammers wol nei immen yn in earm lân. Want it wie miende ik earne yn it begjin fan dit jier dat de polityk breedút witte liet dat it net sa wêze kin dat earme lannen efterop reitsje om’t wy mear jild hawwe. It is dan no it stuit om dy miening te effektuearjen. Dêr liket it net bot op want ik ha begrepen dat tachtich persint fan it beskikbere materiaal al ynklaud is troch de alderlytste minderheid fan útrûpeljende lannen. Ik nim oan dat Nederlân yn de top trije of sa stiet.

Wy kinne der net op wachtsje dat der in nust konteners yn de Waadsee bedarret. Oars soe ik werklik net witte wat al dat folk earjuster, juster en hjoed op ‘e dyk moast. Der hie neat makliker west om fan oerheidswege dy flauwekul te ferbieden mar fierder as hospitality-guides wat dan dan ek mar wêze meie komt de polityk net.

De gedachte dat Nederlanners ferstân hawwe learde ik fjirtich jier lyn al fan dat dat net sa is. Doch gewoan in oanbieding ‘Trije helje, twa betelje’ foar € 9,95 en lis dêr fuortendaliks neist losse eksimplaren fan € 3,10 del en sjoch wat der bart.

Der wie leau ik ek noch wat mei in religieuze streaming of sekte dy’t himsels politike partij neamt. Folgelingen fan sokken ha ik op Feestboek okkerjiers handich ûntfreone, op Twitter skarrelje noch al in pear yn mear tiidline om. Sterkte tawinske hear, en mar goed retweete, dan bliuw ik wat op ‘e hichte.

Habtamu de Hoop lykwols jou ik it foardiel fan ‘e twivel. Oft er mar al efkes tsjin Asscher seit: “Sjoch jonkje, no moatsto efkes goed nei my harkje. Net elkenien hjir is foar dy Lelyline. En oft wy aanst – mei troch my – 40 sitten helje en de CU ek dan dogge wy gewoan in kabinet PvdA-CU. Okee? Dan dus gjin gebongel mei in pear sitten fan de SP of GL. Sis dat no alfêst mar want oars moatst aanst wer yn allerhanne bochten.”

This article was written by Daam