Dat lêste. It is ferskriklik!!!

Ik ha wer ris in boek lêzen. As boekeman moat ik dêr fansels al krityk op hawwe want oars wurde jo net serieus nommen. It is sjesa: boeken dy’t jo net mei ien hân beethâlde kinne meie noait mar dan ek noait mei in slop kaft útfierd wurde. Want sokke boeken moatte jo mishannelje om lêze te kinnen en ik bin tsjin it mishanneljen fan boeken.

Foar it oare is it in prachtich dokumint wurden. De auteur hat my witte litten dat der fan alles en noch wat oan mankearret mar dat bin ik sa net gewaar wurden. It boek giet oer 75 jier brassband Looft den Heer mar jout ek in alderaardichst byld fan de histoarje en doarpsferhâldings troch de tiid hinne.

No wist ik fansels al hiel soad dingen wol mar dochs komme jo in soad oan ‘e weet dat jo net wisten, fergetten wiene (of ferkrongen hawwe?) of dochs oars sitte as dat jo altyd tocht hawwe. En dêr sitte hiel aardige dingen by.

Sa hat it my aardich fernuvere dat dwers tsjin de ferpyldering yn it grouwe korps hjir al frij gau oanbean hat it fine korps te skewielen troch tegearre in konsert te organisearjen wêrby’t de opbringst hielendal foar de finen wie. Dat moat earne yn de jierren sechstich west ha.

Wat ek hiel aardich en suver opmerksum is, is dat ien fan de earste skriuwers al nei in pear jier oerskeakele op it Frysk.

Der is foar it folk fan hjoeddedei dus faaks noch gâns op te stekken fan hoe’t it foarhinne ek gean koe.

Mar der binne ek dingen dy’t no net mear besteane kinne soene. En hoewol’t it foar de bestjoerders fan no grif as swiere kriminaliteit jilde sil, ha ik my de bûsen útskuord doe’t ik it lies. Sjoch: wy hiene hiel lang in soarte fan koperensemble. En ik wit yndied noch hiel goed dat ik mei ien fan de oaren op húsbesite west ha. Ik sjoch ús dêr noch sitten, it moat sa’n fjirtich jier lyn wêze. Ik sitearje no mar efkes út dat boek: “Daam en Gerben ha heechstpersoanlik by ús âldelju op húsbesite west om te freegjen oft wy meiblaze mochten. It wie foar ús echt it ideale plak om ús muzikaal fierder de ûntwikkeljen. En ja, by GJALP dronk ik op myn trettjinde myn earste bierke”.

Dat lêste. It is ferskriklik!!! Wy wiene destiids dus in stik krimineler as de jeugd fan no…

This article was written by Daam